Wepperkes -sneon –
3 juli 2004SDS wint 1e Midsimmerkup net
4 juli 2004Reaksje út Nijlân(op stikje WD)
Suurbier, hevve wij it over deselfde wedstriid?!
A.F. de B.
Reaksje út Spannum(op Hendrik nei Cambuur?)
No les ik op de sds side dat Cambuur my in wedstriid spylje wolle litte yn hun stadion.Ik bin dochs al lang stoppe, en bin dochs te ald? Of doele jimme op Hendrik Okkema (nog alder)?
Groetenis Hendrik fan Gelf en Pjirkje.
Reaksje út Easterein(op hurdwedstriid Hendrik-Dennis)
Dan moat die wedstriid net op moandei plak fiene, dan bink net foarut te branen!!!
groetenis hendrik
Nije foto’s
Jimme kinne wer nije elftalfoto’s op dizze side fine. SDS 3 en SDS B2 wienen sa frij om sneon te posearen. Sjoch by senioren en junioren foar it rissultaat.
Kees & cooking
Kees Adema fan SDS 1 skriuwt al in skoftke skitterende columns op de webside fan Sabetocht(www.sabetocht.nl). De columns gean oer syn op ien nei grutste hobby “iten sieren” en wa hat net ris sa ’n hearlik resept fan Kees Kulinair probeare yn Wommels of Easterein. Ek fierder yn de omkriten bliuwt syn column net ûnopmerkt. Sa hat Radio Markant(regio Snits) him frege om eltse sneontejûn tusken 7 en 9 in stikje te meitsjen foar de Snitser omrop. Neffens ús kin it earste stikje wol nei de wedstriid tsjin W.P.B. Dit sil dan oer bierwoarstjes gean haw ik it op.
Kloatestreek(1)
Jan Stenekes(SDS 3) waard sneontejûn raar te pakken naam troch syn maten. Mar goed dat hy der sûnder ferwûnings ôfkaam.
Kloatestreek (2)
Nei in jûn stappen waard Anne Stenekes(broer fan Jan en spiler fan SDS 1 en 2) raar te pakken naam troch syn freindinne Metsje. Lokkich genôch kaam ik hy der sûnder akelige ferwûnings ôf.
Nije bus
No ’t de saken wat minder geane hat Anne Brouwer der in baantsje by. Nêst it skilderswurk en de Jimbar komt hy mei in putsje wêr as it goed is de hânnen skjin by bliuwe. Hjirûnder syn nije bus.