Wepperkes (woansdei)

Programma SDS dizze wike
13 april 2004
SDS League: De ideale elf
14 april 2004

SDS E 1- WZS E1

De talinten fan E1 hawwe woansdeitejûn harren ynhelwedstriid tsjin WZS wûn mei 2-1. In spannende wedstriid mei tige meilibjende âlders út Snits mar ek út Easterein, Wommels en Wiuwert. Doelpunten wiene der fan Sicco Scheltema en in prachtige kopbal fan Marcus Brinksma.                                              

SDS 2 tsjin Drachtster Boys 2
SDS 2 spilet op 5 maaie yn de heale finale fan ‘e beker tsjin Drachtster Boys 2. Dizze ploech hat Peaskemoandei mei 2-0 wûn fan Meppel 2. Foar SDS 2 wurdt Drachtster Boys in drege dobber. SDS 2 kin dan wol kampioen wurde yn ‘e reserve 2e klasse, mar Drachtster Boys 2 stiet boppe-oan yn ‘e reserve haadklasse(!)
(Marco Hoekstra bedankt)


Âld SDS’er wint Paasloop
(Peaske)Tiisdei koenen wy yn de Ljouwerter Krante lêze dat âld-SDS’er Wim Bakker de Paasloop wûn hat op syn eigen Terschelling.

Net wichtich
It is fansels net wichtich, mar dochs. SDS 5 spilet kommende tongersdeitejûn om 18.45 oere in thúswedstriid tsjin de lêste oerbleaune kandidaat foar it kampioenskip: Noordburgum.

D2
Ek de leiders fan D2 begjinne “de pen”op te pakken. Harren ferslach stiet by junioren D2- wedstrijdverslagen

Feestprogramma
It fuotbalseizoen is noch folop geande yn Easterein. Efter de skermen wurdt er fansels wurke oan it jubileumfeest fan de keatsferiening. De oranje feriening smyt dêr in pear wiken letter noch in doarpsfeest efteroan. Dat jim kinne wol begripe dat er fan it trainingsfjild hielendal neat oer bliuwt.

Feest yn Wommels en Easterein
By it sykjen nei nijs stuiten wy op de nammen fan twa âld-SDS fuotballers. Douwe Hoekstra en Johan Hiemstra. Beide meitsje diel út fan it kabaret Griene sjippe en it tafal wol dat it selskip sawol op de Wommelser as op de Eastereinder feesten optreedt, want dit stiet er op harren side:

Bytekenje
April is tradisjoneel de moanne dat de feteranen bepale at se noch in jier troch geane. Sy dogge dat net troch in wurchkontrakt te tekenjen mar troch wat te keapjen wat by de fuotbalútrêsting heart. Sa seagen wy dat Eddy de Boer noch in jier trochgiet (en werom ek net, sa jong keardel) want hy hie nije sokken kocht.

Wat in besikers
Forige wike hawwe der wer aardich wat besikers op ús webside west. Mear as 1750(!) besikers yn ien wike. Dit betekent alwer in nije rekord. It haldt mar net op.