Wepperkes -woansdei-

Hurd wurkje yn de kantine
17 juli 2007
Kompetysje-yndielingen bekend!
19 juli 2007

Oefenje
Wommels oefent freed tsjin Lollum. De seleksje bestiet yn prinsipe út sa’n 18 man. De ferwachting is dat der al wat minsken ôffalle trochdat sy op fakansje binne of soksawat. Sa docht Jeroen Brouwer yn elts gefal net mei. Hy sit op Sicilië.

Swart/Wyt
Wommels sil yn Lollum útkomme yn de kleuren swart/wyt. Alle spilers moatte sels efkes in swart broekje en in wyt sjurt meinimme.

Ek oefenje?
Mocht Easterein ek graach oefenje wolle dan is miskien SC Scharnegoutum in opsje. Sy sykje noch in tsjinstanner foar sneon 11 augustus(klik hjir).

Seleksjes
De seleksjes foar kommend seizoen foar SDS 1 oan ’t en mei 5 steane hjir op de webside. Mochten jimme noch nammen misse, mail it dan nei ús.


Kreas!!
Paul de Boer giet fan ’t simmer oer nei de senioaren en dan moat der ek in folwoeksen foto op de webside komme fansels. Lokkich genôch koe Ids de Boer ús dêr oan helpe.


20 july
Wy sitte mei smart te wachtsjen op de nije kompetysje-yndielings. As it goed is dan komme sy oer 2 dagen.

Attraksje
Mei de wedstryd tusken Easterein en Wommels op 24 augustus sil der fêst ek allegear attraksjes wêze. Moaie spandoeken? Cheerleaders? Streakers????………(klik
hjir).

Sergio Aguero
Argentinië hat dan miskien de Copa America net wûn, mar sy kinne noch altiten wereldkampioen wurde by de “ûnder de 20”. Ek dêr rinne knappe fuotballers by. Jildert Hylkema tipte ús op ‘e nij oer Sergio Aguero. Sjoch hjir hoe ’t der 2 wichtige goals makke yn de wedstryd tsjin Polen(klik
hjir).