Wepperkes -woansdei-

Bekeryndielingen 2007/2008
4 juli 2007
Wepperkes -freed-
6 juli 2007

Nije tiid
Kommend seizoen spilet SDS 2 wer syn thúswedstriden foar SDS 1. Dit betekent dat sy thús om 12.15 fuotbalje moatte.

Gie net troch
Yn Wommels koe der justerjûn net lang fuotballe wurde. Troch in grutte tongerbui wie it nei in heal oere al dien. De opkomst wie net gek mei sa’n 13 man.

WK
Moarntejûn sil der om 19.30 op ‘e nij probeare wurde om op it fuotbalfjild yn Wommels te fuotbaljen. Wa ’t nocht hat komt mar efkes.

Moarntejûn
It stiet er dúdlik genôch: moarn kin der wer fuotballe wurde yn Wommels. Anne Stenekes kaam woansdeitemiddei thús, seach op ynternet seach wat stean oer “jûn”en “op nij prebearje”, pakte syn fuotbalskuon en teach nei it sportfjild, wêr’t hij konstateare moast dat er allinne wie. Want moarn yn in wepperke fan woansdei betsjut tongersdei. Ek dan is Anne wer wolkom.

Jaap en Tjaling út partoer stapt.
Neidat Skelte Anema bekind makke dat hij nije maten fûn hie foar it horeka toernooi krije wij no fan syn eks-maten in útlis.
Klopt! Ús pertoer is útelkoar fallen nei in fikse rúzje op de weromreis by it ôflaste keatsen snein yn Folsgare. Sa dwaande binne Tsjalling en ik der per direkt útstapt!
Oer wat der krekt bard is wolle wy neat kwyt. Mar it wie in ein rinnen. Yn elts gefal keatse wy de kommende 2 wiken net mear mei elkoar. Wat der dêrnei bard sjogge we dan wol wer. Wy hoopje dat Skelte binnen dy tiid syn ekskúses makke hat.
Jim heare noch fan ús.
Mei freonlike groeten  Jaap Waterlander (en Tsjalling Heeg).

Teamyndielingen
Op SDS 1 nei binne de nije teamyndielingen noch net by ús bekend. Wy hoopje se binnenkoart iepenbier meitsje te kinnen.

Kompetysje-yndielingen
Allinnich de kompetysje-yndielingen fan de standaardteams binne oan ’t no ta bekend makke troch de KNVB. Wy hoopje dat sy binnenkoart ek de oare kompetysje-yndielingen bekend meitsje. Wy hâlde dizze webside yn elts gefal goed yn de gaten(klik hjir).

Programma eredivysje
Fan Feike Jorritsma krigen wy in leuke tip. Klik hjir foar it hiele kompetysjeprogramma fan de eredivysje.

Futsal
Hooplik krijt Willem Overal it 1e futsalteam fan SDS wer krekt sa oan ’t rinnen as dy âlde stoomlokomotyf foarige wike mei de Eastereiner Feesten:


De poll
Wolle jim noch oer it hichtepunt fan SDS stimme, dan kin dat hjir noch altiten. Oan ’t no ta binne der 101 stimmen binnenkommen.

AUU!
Dizze man is swier ferwûne en moat mei gang it fjild ôfdrûgen wurde. As dat mar goed giet…..(klik hjir).

Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!