Wepperkes -freed-

Wepperkes -woansdei-
4 juli 2007
Wedstriidprogramma SDS C1
6 juli 2007

Maarten de Jong-clinic
Mei it 60-jierrich jubileum fan SDS komt Maarten de Jong namens SC Heerenveen in fuotbalclinic jaan oan de jongste jeugd fan SDS. Fanôf 8.30 op sneon 25 augustus sil hy de F-,E-,D- en C-jeugd fan SDS fermeitsje mei in útgebreid programma. Sjoch hjir hoe ’t ûngefear yn syn wurk giet.

Wer net?
It wie justerjûn moai waar om efkes te boljen. Dochs freegje wy ús ôf as der yn Wommels wol fuotballe is. Sawol Mark, Henk, Ate-Feike as Willem seinen op it lêste momint ôf. Wy binne benijd as der no wol fuotballe is.

Handdoeken
Wa’t noch in moaie SDS-jubileumhanddoek hawwe wol foar mei op fakansje kin terjochte by Douwe-Dirk Reitsma. Klik hjir foar mear ynformaasje .


Jubileumtreffer
Wy binne op dit stuit drok dwaande om de jubileumtreffer foarmekoar te krijen. Wy ferwachtsje dat hy oer 2 wiken útkomt.

Oanmoedigje!!
Soenen de Eastereinders harren team krekt sa oanmoedigje op 24 augustus tsjin Wommels as Butterfly mei it matinee foarige wike tidens de Eastereiner Feesten, dan kin Wommels wol thúsbliuwe………..
29 juni easterein 129

Oefenje
Mochten je op de jûn foar de Freule neat te dwaan hawwe dan kinne je altiten efkes yn Snits sjen. Op tiisdei 8 augustus spilet ONS Snits dan in oefenwedstryd tsjin SC Heerenveen.

Sahin
Feyenoord hat juster syn safolste oankeap dien. Sy hellen Nuri Sahin fan Borussia Dortmund. In by ús noch ûnbekende 18-jierrige fuotballer. Klik
hjir om him fêst oan it wurk te sjen.

Super!
Foar my ien fan de meast yndrukwekkende stadions, mei de moaiste namme; La Bombonera, mei de meast enthousiaste supporters fan ien fan de moaiste klups fan de wrâld; Boca Juniors(klik hjir).

Wâldrock
Foar de SDS’ers dy ’t sneon wat oan de “kondysje” wurkje wolle, is der Wâldrock yn Burgum(klik hjir).
waldrock-logo 2007

Nijs?

Der is net folle nijs op it heden. Hawwe jim noch wat te melden mail it dan nei ús.