Wepperkes -woansdei-

Seleksje SDS 1 is rûn.
26 juni 2007
Bekeryndieling SDS 1 bekend.
28 juni 2007

SDS-ers suksesfol
Yn Littens is dizze wike
it iepenkampioenskip Jeu de Pelote. Opfallend binne de prestaasjes fan Easterein. De 5 SDS-ers (Floris, Robert, Feite, Dirk Yde en Tsjipke) moatte woansdeitejûn yn de heale finale tsjin Littens oantrede. De finale is tongersdei en dan is it ek Eastereinder feesten.

Ald SDS-er de keatstopper fan de wike
Op de KNKB side komt alle wiken in keatser oan it wurd. Dizze kear is it in âld SDS-er dy’t meastal yn de earste klasse akteard hat. Hear nei
it interfjoe.

In krabbel fan Skrok
At er immen is dy’t ûnôfhinklik in ljocht skine litte kin op de twastriid Wommels-Easterein dan bin ik dat wol. As bewenner fan Skrok, it natuergebiet tusken Wommels en Easterein, flean ik alle dagen myn rûntsjes oer beide doarpen. Sa pik ik fansels hiel wat mei wat er om en tagiet yn de twa doarpen dy’t fan elkoar skieden binne troch in beammedyk en in breed fytspaad.

Oan it idee dat dizze wedstryd holden wurdt bin ik no al wend. Ik hie it der mei Piter Protter en Jannes Jerk noch efkes oer dat it om ús net hoecht , mar de oerdwealske lju fan de kommisje hawwe it oars yn de kop en wij binne mar fûgels.

 

No’t dizze wike de seleksjes fan beide ploegen bekend makke binne, kin ik mij net langer ynhâlde. Ik moat hjir wat fan sizze.

De twa coaches hawwe alhiel harren eigen wize fan selektearen is mij wol dúdlik wurden.

Ik woe it hjoed earst mar ris hawwe oer de seleksje fan Easterein.

Dat kinne je dochs net serieus neame. Dy coach hat gewoan it bewar nummer fan de Treffer fan augustus 2006 derby pakt en alles wat út Easterein komt derby setten. En dat is noch al twiveleftich.

Lit mij marris begjinne mei J. De Boer. Je meie oannimme dat dat  ús opperbaas Jelle fan Skrok is. Dat is raar. Myn ynformaasje wie dat hij optrede soe as skiedsrjochter omdat hij fan Skrok út ek in ûnôfhinklike posysje ynnimme kin. Mar dêr is gjin praat mear fan.

Troch him op te nimmen yn de seleksje fan Easterein kin in rol as skiedsrjochter wol ris twiveleftich wurde.  Of wurdt hjir de Jan de Boer fan Oebele mei bedoeld?

Dan wol ik de coach fan Easterein (of binne der mear dy’t in griene jas oandogge) ek wize op it feit dat it goed is om tsjin J. Plantinga te sizzen dat er tsjin Wommels fuotballe wurdt en net tsjin Skearnegoutum. It ôfrûne seizoen twa kear yn aksje west. Ja krekt tsjin Skearnegoutum. Hij sil dochs net rôfbou op syn lichem plege wolle troch der in ekstra wedstryd foar it seizoen tsjin oan te goaien.

S. Bouma kin ek wol skrast wurde. Hij hat dy jûns in lette tsjinst en sil ride moatte op Mooie Paal en werom, mei hopenlik ien passazjier. In tsjinst wikselje is net mooglik want der binne al te min sjoffeurs en at it sa troch giet ek te min bussen at er noch mear útbaarne.

Foar S. Hiemstra is der ek net folle hoop om mei te dwaan. De oare deis sil hij in KNKB wedstryd haadklasse skiedsrjochterje moatte en bij in goeie tarissing heart yn alle gefallen dat je de jûns fan te foaren it fjild efkes neimjitte en rûke.

E. (Spa) de Boer stiet ek op de list. Opfallend. Dy besiket der alle sneonen ûnderút te kommen. Heechsten in kertierke meidwaan is syn motto. En dat er dan ek noch traind wurde sil, dan kin ik him hjirby wol ôfmelde. Want traine is it selde as flokke bij him.

Mei in freonlike poat fan Sibe

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen

Top 50
The Times komt elts jier mei in listje fan de 50 beste fuotballers fan de wrâld. No sille der net faak SDS’ers yn foarkomme, dochs wienen wy wol benijd nei it listje. Ruud van Nistelrooy is beste Nederlander mei in 15e plak. Klik hjir foar de hiele list.

It komt goed!
Soe it dan dochs goed komme by Feyenoord? De measte Feyenoorders probearden ús der altiten al fan te oertsjoegjen, mar wy leauwe der no sels ek hieltiten mear yn. It begjint der stadich oan namelijk hieltiten mear op te lykjen(klik hjir en hjir).

Harsens derby(51)
Dizze rubryk stie tydlik efkes stil, mar spesjaal foar dit gefal hawwe wy him wer efkes fan stâl helle. Harsens derbyyyyyyyyy!!!!!(klik hjir).