Wepperkes -woansdei-

Oefenprogramma SDS 2 bekend
19 juni 2007
Seleksje FC Wommels oanpast!
20 juni 2007

Net bliid
Foarige wike melden wy al dat Heerenveense Boys net by SDS yn de 2e-Klasse sit, mar Wieringermeer. Heerenveense Boys is net sa wiis mei dit beslút fan de KNVB(klik
hjir).

Kompetysje-yndielingen
De kompetysje-yndieling fan SDS 1 is rûn, mar it is noch efkes wachtsjen op alle oare kompetysje-yndlingen fan SDS-teams. Op de KNVB-side stiet noch neat. As ien der mear oer wit, mail it dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Reaksje
Wy krigen in positive reaksje op de foarlopige seleksje fan Wommels fan Pier Zijlstra:

Wat in iser sterke seleksje!
Lolke mei in hjoeddeiske brace is goed by steat om de poat stiif te halden, Daan hat syn km lans de line mear as makke dus alla Moulijn,Theunis hat syn strjitwurk tsjin dy tiid dien dus is de meester fan de leech bij grûngefechten,Minne kin omraak stinne,Jan dy kin der wat fan, Tsalling hat lange skonken, Lieuwe kin him noch altyd goed breed meitsje,Ate wipt der altyd wol ien yn,Siepie hat noch altyd de fluwelen fuotsjes fan in sechtiger jierren spits,Meinte is us Mark van Bommel, Pyt dy draait der wol in corner yn ien x yn, Kick jowt it foarbyld yn styl en ynset,Tsjalke moat oanfieder wurde want hy hat de juste babbel, Pier as rots yn de branding, Appie foar it fjoer yn it spul,Sjoerd foar it hasseswurk(net hazze)Cor ombrânsjes te blussen(it bliuwt W-E)en Chris is us fuotbalkanon. At Tsalke en Sjoerd net nest elkoar spylje jow ik Wommels in protte kâns mei dizze isersterke seleksje.
Ien fan de gouwe ouwes.

Seleksje FC Wommels
Koach fan Wommels Anne Brouwer hat mei de Wommelser Feesten nochris goed neitocht oer de foarlopige seleksje fan FC Wommels foar de wedstryd tsjin Easterein op 24 augustus. Foarige wike kaam hy mei in moaie âlde seleksje op de proppen. Nei de goeie opkomst fan juster op de “training” fan FC Wommels koe it wolris hiel oars komme. Jûn kinne jim hjir de “nije” seleksje besjen.

SDS 2 derop út
SDS 2 sil freedtejûn noch efkes passend it seizoen ôfslúte. Sy fertrekke om 19.00 nei Snits om dêr efkes in baltsje te goaien(bowle) en in baltsje te iten(stiengrille).

SDS-Hyve
De SDS-Hyve hat ynmiddels al 36 leden. Dit moatte der fansels noch folle mear wurde. Klik
hjir om ek lid te wurden.

Oefenprogramma SDS 1
Ek it oefenprogramma fan SDS 1 is bekend. Moarn kinne jim it hjir besjen.

De poll
Wolle jim noch oer it hichtepunt fan SDS stimme, dan kin dat
hjir noch altiten.

Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!