Evenementen in december 2022

Ideeën foar Heitedei!
12 juni 2007
Foarlopige seleksje FC Wommels
14 juni 2007

Iepen WK(1)
Jûn wurdt der om 20.00 wer fuotballe op it “âlde” fuotbalfjild fan Wommels. Wa ’t nocht hat komt mar efkes del. Ate, Eeltsje, Hendrik en Willem binne der yn elts gefal ek. Sjoerd R. at ôfsein.

Iepen WK(2)
Justerjûn waard der yn Wommels wer efkes fuotballe. No ’t de Terp beset is mei merkelju waard der útwykt nei it “âlde” fuotbalfjild. De opkomst wie aardich mei 9 man. It waard dus in partij tusken 5 en 4 man. Hjirmei trainde FC Wommels alfêst op it efentueel mei in man mear spyljen(of minder) foar de wedstryd tsjin Easterein. It waard úteinlik in oerwinning fan it team mei de blauwe sokken dy ’t mei in man minder effectief op de kounter spilen.

Net tefreden
De koach fan FC Wommels, Anne Brouwer, wie net sa wiis mei de opkomst op de training justerjûn en hat drastische maatregelen oankondige. Moarn komt hy mei in foarlopige seleksje en hy hat al oanjûn dat hjir bot oer praten wurde sil mei de Wommelser feesten…..

Frijwilligers
Mei FC Wommels de wedstryd op 24 augustus winne wolle dan meie der wol frijwilligers socht wurde om it fjild yn Wommels wat kreas te hâlden. It is no bonkehurd en der leit allegear âld gêrs op wêrtroch de bal hieltiten smoard. Ek is de ferwachting dat der moai wat keatsballen mei de Freule wei wurde sille yn it hege gers.

Kommisje
Yn Wommels is al in spesjale “supporterskommisje” yn it libben roppen om op 24 augustus mei Easterein-Wommels ludike aksjes op tou te setten. Hoe soe it yn Easterein wêze?

De poll
Wolle jim noch oer in hichtepunt stimme, dan kin dat
hjir noch altiten.

Grutste sukses fan SDS
Hinke Kuiper wit ek noch in hichtepunt yn de SDS-skiednis te neamen:
Sukses foar SDS. Ik tink dan ek oan it jubileumfeest. In skitterend feest wat wy meielkoar makke en slagje litten ha. Foaral dat meielkoar, dat wie TOP. En dêrom is dat myn sukses mei SDS.
Met vriendelijke groet,
Hinke A. Kuiper

Giggs
Ien fan de beste fuotballers dy ’t nea op in WK fuotballe hat is Ryan Giggs(mei û.o. George Best en George Weah). Foarige wike spile hy foar it lêst yn it sjurt fan Wales. Dochs wol hiel spitich(klik hjir).

Ule
Dizze ûle hie it by SDS net lang úthâlden op de latte. Foardat hy in knipperke dwaan koe soe Stoffel allang it gewear ophelle hawwe. Yn Finland moast dy seker langlaufend del komme??(klik hjir).

Hiel apart
By de kwalifikaasjewedstriden fan foarige wike foel der ien hiel opmerklike goal by Sweden-Iislân. Albäck kin der wol om gnize…..en wy ek wol(klik hjir).