Wepperkes -tiisdei-
5 februari 2007Wepperkes -tongersdei-
7 februari 2007 SDS 1 – Winsum Futsal 1 2-3 Nij kontrakt! Sûnt 1990 is oannimmersbedriuw Plantinga sûnder ûnderbrekking shirtsponsor bij SDS. No is der is in nij kontrakt tekene, dat Plantinga bliuwt shirtsponsor oant 2011. De spilers kinne dus noch jierren mei de bast foarútstean. Plantinga hat ek noch in boerd op it fjild. SDS is tige wiis mei sokke sponsers en bedankt Plantinga derfoar. Wolle jo bouwe sjoch dan ek bij de sponsers fan SDS bygelyks op www.plantingabouw.nl. By “projekten” stiet bygelyks ek noch in hús yn Easterein.
De bekerstriid yn Easterein mei in folle tribune levere gjin oerwinning op foar SDS. Yn it begjin fan de earste helte hie SDS mear skoaren moatten as de 1-0 fan Peter. Grutte kânsen waarden mist. It waard dan ek 1-1. Noch foar it skoft kaam SDS troch in prima doelpunt fan Harm op 2-1.
Nei it skoft wiene de Winsumers better en it waard dan ek 2-2. Brekpunt fan it ferlies wie de giele kaart fan Peter (foar praten) wêrtroch de tsjinstanner op 2-3 kaam.
It slotoffensyf wie boeiend en hoopfol mar it levere krekt net de gelykmakker op. SDS futsal leit dus út de beker.
Oannimmersbedriuw Plantinga út Skearnegoutum hat in nij sponsorcontract tekene mei SDS yn de earste wike dat alle SDS’ers boadskiprinne in itselde plak.
Enne Jeh. Bruinsma
Oanmelde
It is wer mooglik om je fia de webside oan te melden as lid fan SDS. Wouter Jorritsma fan Freez.it hat it foarmekoar krigen.
SDS League
Sneon is it de lêste dei om jim nije team foar de SDS-League yn te leverjen(klik hjir). Ferjit it net!
Der binne op dit momint 20 teams ynlevere, dus wy rinne aardich op skema.
Poeisz-dukaten
Der komme al aardich wat dukaten binnen fan de Poeisz by SDS, mar dêr kinne fansels noch wfolle mear by. Dizze dukaten krije jim bij alle Poiesz festigingen. Je kinne de dukaten sparje foar in bepaalde klup. Yn dit gefal dus SDS. Ynleverje kin yn Skearnegoutum mar ek yn de kantine bij SDS. Wês der fûl op, want it docht de klup goed(klik hjir).
By de Scheltema’s nimme sy de SDS League aardich serieus. Sicco hat sels Willem II maild mei de fraach as El Hamdaoui wol op ‘e tiid wer fit is foar de rest fan it seizoen. Dit krige hy as antwurd:
Mounir werkt momenteel een individueel herstelprogramma af in het revalidatiecentrum in Zeist. Wij verwachten dat hij met ingang van het nieuwe voetbalseizoen weer in actie kan komen.
Met vriendelijke groet,
Willem II Tilburg BV
René Vermetten, Mediazaken www.willem-ii.nl
Sicco stelt El Hamdaoui dus net op.
Alde spilerskaarten
Wy krigen in reaksje fan Jan Keuning op de âlde spilerskaart fan Sipke Siemen Hiemstra:
Pikefel(12)
PAOK Saloniki bestiet 80 jier. Dat moat fansels fierd wurde. Sels de bussiness-klup docht mei(klik hjir).