Wepperkes -woansdei-

De Skoalleseize is moai op streek!
11 september 2007
Wepperkes -tongersdei-
12 september 2007

Doelpuntenmakkers
Wij binne noch mar twa sneonen los en kinne al 33 doelpunten noteare, Feitlik binne it 34, mar de doelpuntenmakker fan SDS 3 tsjin Ouwe Syl hawwe wij noch altiten net troch krigen.

Gearard Posthumus IV 6
Hendrik de Jong I 4
Gerlof Veldstra IV 3
Remco Bervoets III 2
Bertus Bootsma IV 2
Johan Delfsma IV 2
Dirk de Jong II 2
Dirk Y Sjaarda I 2
Klaas Visser V 2
Ivo Donath IV 1
Bas de Haan IV 1
Gerlof Jan Hofstra IV 1
Jentsje Jorritsma III 1
Durk Okkema V 1
Hjalmar Ruiter III 1
Willem Veenstra IV 1
eigen doel   1

TikkieTerug……Jaap

Ek yn ús Tikkie terugJaap klassemint hat it earste slachtoffer him al wer oanmelden. At jim op it printsje klikke kinne jim sjen wa’t it is fan SDS 3.

SDS League(1)
Wy krije hieltiten mear teams binnen fan de SDS League. Wy hawwe no net allinne twa teams út Ljouwert(?), ien fan de Terp, twa fan it Skrok en ien fan Curacao(???), mar ek ien fan in slachter en ien fan de Walperterwei. No noch ien út Sweden, ien út de Súdhoeke, ien út Grins, 50 út Easterein en 40 út Wommels.  Klik hjir om ek mei te dwaan. Kommende sneon is it de lêste dei om je team yn te leverjen. Ferjit it net!

SDS League(2)
Je kinne de SDS League ynleverje by Roel Sybesma yn Easterein of Willem Wijnia yn Wommels. Je kinne de SDS League tongersdei of sneon ek meinimme nei de kantine. Willem is der dan fêst wol. Nei sneon binne je te let, want de wedstriden fan kommend wykein telle lyk al mei.

Wrâldrekord?
Tjerk van der Pol lieder fan SDS E3 sjocht al foarút nei kommende tsjinstanners en jout it folgende berjocht troch:
Ik las op de KNVB site een wel heel opmerkelijke uitslag. Nijland E1, over enkele weken tegenstander van SDS E3,
heeft zaterdag met liefst 26 – 0 gewonnen van Tzum E1. Dat is minimaal elke twee minuten een goal!
Misschien is dit geen wereldschokkend nieuws, maar als wij niet vol zelfvertrouwen zaten, kon je stellen dat Nijland E1 een echte angstgegner zou worden…..
Weten jullie trouwens wat het wereldrecord is?
Witte jim hegere skoares te herinnerjen, dan heare wij it graach. Maile kin nei ús adressen.

Futsal
SDS 3 spilet jûn thús om 20.00 tsjin Futsal Cambuur 11. Kom gerust efkes sjen.

Baarch yn de beam
“Yn Aldehaske hinget in baarch yn de beam”,  seit in âlde siswize. Dat is net de reden dat SDS 5 sneon net yn Aldehaske spilet mar op ‘e Jouwer. Der wurdt yn Aldehaske in keunstgersfjild oanlein en dat is de reden fan dizze omsetting. De tiid bliuwt gelyk.

Moai swart gers
At je út de loft wei de fjilden fan Trynwâldster Boys besjogge dan hoege je net lang te sykjen om it fjild wêr’t SDS kommende sneon om 14.00 oere spilet. Sjoch
hjir.

Welke kaart?
Sa is in skeidsrjochter gau troch syn reade kaarten hinne(klik
hjir).

Hawwe jim nijs of wolle jim oars wat kwyt, mail it nei dit adres.