Wepperkes -tongersdeitejûn-

Midsimmercup 2004
2 juni 2004
De SDS EK-League (2)
3 juni 2004

De nije Treffer
Yn it begjin fan folgende wike kinne jimme de nije Treffer alwer yn ‘e bus ferwachtsje. Fêst net sa moai as de forige Treffer, mar fêst noch de muoite wurdich.

Nije wepperkes
Wy hienen it drok mei de nije Treffer en dêrtroch net folle gjin tiid foar de wepperkes.  Hawwe jimme sels noch wat, mail dit dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Hoe is it mei Klaas?
Klaas Malda is oan de betterende hân. Forige wike is al it izer, wat hy normaal net by him draagt, ferwijdere. De folgende deis mocht hy foar it earst fan bêd. In drege operaasje mar it slagge. Sûnt jajuster (1 juni) kin hy efkes yn ‘e rolstoel sitte. Dit is alwer in hiele foarútgong. Dit is noch mar it begjin fan in lange revalidaasje. Stjoer Klaas derom nochris in kaartsje of sjoch ris by him. Dit is it adres:

Klaas Malda
Centrum voor Revalidatie
Hoofdstraat 3
9244 ZN Beetsterzwaag

Nije keeper
SDS siket noch keepers foar kommend jier. SDS stelt al bepaalde easken. Dit moatte sy yn elts gefal al kinne.(Klik
hjir)

Aant hat alwer in priis
Oebele Anema en Aant Hofstra rinne alle dagen tusken de middei it selde rûntsje yn de stêd Snits. Efkes bekomme fan hurd wurkjen by de gemeente Snits. In bepaalde bussjoffeur sjocht dat regelmjittich want dy ride ek altiten in selde rûntsje en hy toetert dan efkes.
Ofrûne woansdei seach dy sjoffeur (wy neame him foar it gemak Stoffel) de beide hearen net. Suver al wat ûngerêst woe hy jûns wol witte hoe’t dat siet. Aant en Oebele koene him gerêststelle: sy hiene in sportdei mei oare gemeenten. Yn Damwâlde wûn Oebele it tennis en wist Aant mei al wer in feteranenteam de tredde priis te winnen. Ek Chiel Kampman earder lid fan SDS makke diel út fan de ploech. Kommende wike rinne se tusken de middei wer yn de stêd.


De knuffels foar Aant binne al oprêden.

Kees Culinair
De senioren fan SDS krije der in nij culinair talint by. Kees Adema soarchet foar culinaire heechstantsjes op
www.sabetocht.nl. Sjoch foar de aardichheid ris foar syn column. It wetter rint je yn ‘e mûle. Dizze kear giet it oer: de reade biet.

SDS-embleem
Wy hawwe noch in âld SDS embleem fûn. Hjir kinne jimme him nochris bewûnderje.

Hjir is net folle mei fuotballe.