Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
3 januari 2006
Wepperkes -freed-
5 januari 2006

Lifters werom
Tongersdeitejûn om goed 22.45 oere komme de lifters oan yn Wommels. Sij geane harren earst ôfmelde bij Anne Brouwer yn Jimbar. In waarm ûnthaal hawwe se fansels wol fertsjinne.

Hoi Willem,
Hoe is it yn Dublin, hawwe jim it wat nei de sin. Wij hawwe ús justerjûn best fermakke yn Easterein. Do wolst fansels graach witte wa’t jim mooglike tsjinstanners wurde yn Frjentsjer. No, ik kin dy sizze it wie razend spannend. Uteinlik kamen Balk en WPB beide op 11 punten en sij gean dus troch. Easterlittens en Warkum 2 kamen krekt tekoart.
Foar Bakhuzen wie der net folle ear te heljen, sij ferlearen 5 kear. Dochs krigen sij it measte applaus. Sij skoorden nammentlik yn de lêste wedstryd harren earste doelpunt.
Ik soe sizze in goeie reis werom en de groetnis oan Lolke,

Aant

Midwinterkup (1)
It programma fan SDS 1 futsal op 6 jannewaris yn Easterein sjocht er sa út. Kinne jim it net lêze , gean dan nei  Pearle, Hans Anders of klik op it programma foar de fergrutting.

Midwinterkup (2)
It programma fan SDS 2 futsal op 6 jannewaris yn Koudum sjocht er sa út. Kinne jim it net lêze , gean dan nei  Spec. Savers, de Hema of klik op it programma foar de fergrutting.

Noch gjin winter

Bijgeande foto krigen wij fan Henk Bootsma. Hij hie dizze graach brûke wold om skoansoan Abe Jan op de kast te jaaien troch te sizzen dat it fjild yn Easterein der ek mar min bij leit. Mar Henk hat goeie foarnimmens en docht dat net. Foto is makke yn de buerten fan Earnewâld en neffens Henk syn mem betsjutte it at Momfert de mol sa aktyf is dat er gjin winter oankomt. Mar miskien kin in molledeskundige út Easterein dêr wat fan sizze.

Snertloop op 7 januari 2006
Deze wordt door de activiteitencommissie georganiseerd.
Deze snertloop wordt georganiseerd voor de seniorleden en A-junioren. Er bestaat de mogelijkheid om te kiezen uit twee parkoersen. Er kan een parkoers van ca. 4 km. of een parkoers van ca. 8 km. worden gelopen. De start van de 8 km. is om 14.00 uur en de start van de 4 km. is 14.05. Voor de deelnemers aan de loop bestaat de mogelijkheid om na afloop te douchen in de kleedboxen en vervolgens is er voor elke deelnemer een heerlijke kop snert.  
Aansluitend op de snertloop is er de nieuwjaarsreceptie van SDS met de finale van de kennisquiz

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!