Wepperkes -tongersdei-

SDS League: November Rain pakt mar wer ris de wykpriis!
7 december 2005
Winterstop-programma SDS 2
8 december 2005

SDS 2 futsal bekert troch
Mei tank oan Immie Kamstra hawwe wij de útslach trochkrigen: 8-3.
Skoareferrin:
1-0 Tsjipke,  2-0 DY,  3-0 DY,  3-1 ?
Skoft
4-1 Hendrik,  4-2 ?,  5-2 Tsjipke,  6-2 Tsjipke,  7-2 Jacob Klaas,  7-3 ?,  8-3 Tsjipke.

E1 en D1 nei Cambuur
De E1 en D1 hawwe juster yn it Cambuurstadion oefene. Wy binne benijd nei it ferslach.

SDS 3 noch in kear
Ek SDS 3 mei folgende wike noch in kear los. Sy spylje dan út tsjin Blauw-Wit ’34. Skiedsrjochter is dan Age Tigchelaar.

Skelte noch boppe-oan
Skelte Anema stiet noch altiten boppe-oan yn it spiler fan it jier-klassemint. Klik
hjir om it hiele klassemint fan Marcel Frankena te besjen.

12 punten los fan nûmer 2.

Spektakel yn Marssum
Dat de wedstryd tusken SDS 4 en SSS sneon in spektakel wie mei dúdlik wêze. Wy krigen namelijk ek noch in ferslach binnen fan Stoffel. Klik hjir om it te lêzen.

Boksen binne klear
De klaaiboksen binne klear. Wij krigen fan Feike Jorritsma al in fraach werom it earste dy sneon net brûkt hat. Dat se sa moai binne hat te meitsjen mei it skilder wurk fan û.o. de Brouwers. Want sij hawwe wol hiel apart materiaal.

Sinterklaas
Sinterklaas is it lân wer út en dan meie je fansels wol ôffreegje wa’t dit jier Sinterklaas wie: Yn Rotterdam hie der dizze kear in flitsend ferfiermiddel. Soe Stefan van Krimpen hjir mear fan witte?

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!