Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
4 oktober 2005
SDS League: Atletico Ananas(D.K.) pakt wykpriis!
6 oktober 2005

Futsal (3)
SDS 3 moast tsjin Haskerlân 8. In moaie pot. Net foar Tsjerk Okkema. Hij jout moarn op it hjoed nimmen in hân. Bij in aksje de bal te kearen, rekke syn pink út de pot en skuorde de hiele boel út . Lukkes yn Weidum hie gelokkich noch wat krammen lizzen en mei 8 krammen kaam Tsjerk werom. Hij seach doe noch krekt op it skoreboerd stean dat Haskerlân 8 kear skoord hie. Dat wie te min. Want SDS hie 10 kear skoord. En dat nei in 3-7 efterstân en Ferry Duipmans op it doel. Tsjerk hat foarloapich in goeie ferfanger.
Doelpunten wiene der fan :
Harm Auke Dijkstra 3
Pieter de Vries 2
Johan Dotinga 3
Klaas van der Weg 1
Jacob Oostra 1

Futsal (2)
In makkie, sa die bliken, want in skore fan 12-1 liicht er net om.
Skoreferrin:
Piter 1-0, Dirk Y. 2-0 Jacob Klaas 3-0 Dirk Yde 4-0 Skelte 5-0, Old Forward 5-1 Jacob Klaas 6-1 Dirk Yde 7-1 Skelte 8-1 Tsjeard 9-1 Dirk Yde 10-1 Jacob Kl 11-1 Tjeerd 12-1

Giel
Marten Faber stie op it doel en smiet bij in stân fan 8-1 de bal heech en bryk út. Skelte dy’t ticht bij de line stie, sprong omheech om de bal te kearen. “Hands” , rôp de skeids en helle de giele kaart út syn bûse. Tidens dy twa minuten skoorde  SDS. Foar Skelte wie dat it momint om it fjild wer yn te stappen. “Nee”, sei de skeids, dy regel jildt allinne at de tsjinpartij skoort. Skelte mocht him wer deljaan op de bank.

De broer fan…
Sjoerd van Beem komt noch efkes werom op de broer fan Shota:
Yn it prachtige bled; Voetbal Magazine stiet in petear mei Shota Arveladze, de geweldige spits fan AZ.
Hy seit it folgjende oer syn broer Archil:’ Nee, voetballen doet hij niet meer, hij is afgekeurd. Hij runt een voetbalschool in Tiblisi ‘.
Foar safier is it dus noch net bekind wie, is it mystearje no oplost liket my??
Sjoerd, tige tank, wij tinke dat dit no net mear in kwisfraach wurdt.

Bekerje
SDS hat neffens ús ynformaasje noch mar ien ploech yn it bekertoernooi: de veteranen.
Sy fersloegen Heeg yn de earste ronde. De folgende tsjinstanner is Noordburgum. Wierskynlik wurdt de wedstryd op 22 oktober spile. Wêr dat is ús noch net bekind.

BCV
Yn Burgum binne se al wakker oan it organisearen om in bus fol minsken te krijen om de wedstryd SDS-BCV by te wenjen. Wy sjogge út nei harren komst en rekkenje der op dat se moai wat fryske sfear meinimme.

Frysk
Wy ha fernommen dat de trainer fan BCV ek in bydrage leverje wol foar de Fryske dei: wij meie him dizze dei Klaas Roazenburch neame.

Hânwizers