Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
20 juli 2005
Wepperkes -freed-
22 juli 2005

Nije fyts
Ek dizze simmer hawwe wy wer sjoen dat it fytspaad tusken Wommels en Easterein somtiden net sa breed is, at it wol liket (drekfytse Waku) . Oer it algemien hawwe de Wommelsers it measte lêst derfan dat it paad op de weromreis te smel is. Sy besykje dan meast ek faak yn groepkes nei hûs ta te gean en besykje it spoar te folgen fan de foarste. Mar wa is de foarste?
Om dat probleem op te lossen is der no spesjaal in nije fyts oanskaft, sadat dat dúdlik is.

Luie fakansje
Om der wer in jier tsjin oan te kinnen mei it webmasterjen is it goed om efkes fakansje te hâlden. In luie fakânsje ek noch wol, want at je nei gean gean hoe “aktyf” je de dei troch komme dan skrikke je.
8 oeren sliepe op in matte yn lytse tinte
6 oeren lizze op de fyts
2 oeren op terassen
sitte
2 x 10 minuten op it húske
sitte
4 oeren by de tinte sitte of omhingje
1 oere sitte te iten en kofjedrinke
30 minuten sitte te routeútsykjen en kaartlêze 
15 minuten tinte opsette en ynrjochtsje
30 minuten tinte oprêde en fytsen ynpakke
Nei 16 sokke luie dagen is it mooglik om fan Skagen yn Denemarken fia de westkust nei Wommels te fytsen. Likernôch mar goed 1400 kilometer.

In stalker
Der is neat slimmer at je lêst hawwe fan in stalker. Aant hie der tidens syn fytstocht fanút Denemarken lêst fan.
Sibe dus:

Dophok
At je op 16 ferskillende kampings komme, sjogge je soms wol hiel kleurrike karafans. Dit eksimplaar neamden wy it dophok foar seefûgels.


Hast thús?
Doe’t wy yn Ost Fryslân, it westlike part fan Dútslân, fytsten, seagen wy wol efkes ferbaasd op doe’t wy fanút de fierte de hânwizer beseagen. Binne wy no al hast thús?

Easterein en omkriten
SDS is in klup foar Easterein en fiere omkriten. Bij it opmeitsjen fan it bewarnummer dat heal augustus útkomt, sjogge wij dat er no ek in lid út Hichtum en in lid  út Frjentsjer komt.
Jeroen Hoek (SDS 5) wennet no ûnder de reek fan Boalsert en Willem Feenstra (ek SDS 5) is ferhûze nei Frjentsjer.

Nije spits foar Cambuur?
As Cambuur slim is dan lûke sy foar kommend seizoen dizze spits oan. Dizze spits stiet garant foar doelpunten en seker witte dat Cambuur in soad supporters lûke sil(klik hjir). SBS 6 hat der dan ek lyk in publykslûker by op freedtejûn.