Wepperkes – tongersdei –

SDS League: The Huntelaar Rules pakt wykpriis.
16 december 2004
Oerwinterwepperke
17 december 2004

Futsal: Harm skoort no wol mei lob
SDS 1 hat juster yn in spektakelstik wûn fan de nûmer 2 Urk. Yn in spannende partij waard mei 6-5 wûn fan Urk. Opfallende man by SDS wie Harm Stremler. It skoreferrin seit genôch; 1-0 Harm, 1-1 Harm(e.d.), 1-2, 2-2 Feite, 2-3, 3-3 Tsjipke, 4-3 Anne, 5-3 Robert, 5-4, 5-5. Ien minút foar it ein makke Harm Stremler de 6-5. Lykas forige wike(tsjin FFS) kaam hy yn de lêste minút allinne op de keeper ôf. Forige wike miste hy mei in lob de kans op 7-6. Dizze wike hie hy goed oan it oefenjen west. No makke hy him wol en makke hy de 6-5. In knappe oerwinning dus. SDS 1 hoecht no net earder wer foar de kompetysje as 12 jannewaris.

Futsal: Skelte man fan ‘e wedstriid by SDS 2.
Sneon foel hy op it fjild noch blesseare út tsjin Genemuiden. Justerjûn koe hy lokkich genôch wer meidwaan yn ‘e seal. hy makke lyk alle 3 doelpunten foar SDS 2. Sy wûnen knap mei 3-1 út by Genemuiden.

Futsal: Hampie opfallende man by SDS 3 
SDS 3 wûn juster ek mei 6-5. Sy wûnen fan Old Forward. By de earste goal fan Old Forward gie hy dúdlik de mist yn. Dit wist hy wer goed te meitsjen troch yn de lêste minút de winnende goal te skoren.

Ferkeard.

De Treffer wurdt goed lêzen. Dat die ek dizze kear mar wer ris bliken doe’t wy in e-mailreaksje krigen fan Bauke de Boer (ek hy sit al efter de kompjoeter). Yn it trefferke oer Verbeekveld stie vv Heerenveen. De trouste supporter op klompen út de Greidhoeke wiisde ús der op dat it sc Heerenveen is. Wêrfan akte.

 

Bruinsma
Dat je net mear sûnder ynternet kinne is de jongerein wol dúdlik. Mar ek de âlderen begjinne fia kursussen by senioaren web  aardichheid te krijen oan it snelle medium. De hearen Bergsma en Bruinsma, beide fan Easterein hawwe ek allang yn de gaten dat er op www.vv-sds.nl hiel wat ouwehoerd wurdt oer harren klupke.

Neffens in tige betroubere boarne (Bruinsma sels) hat hy ynkoarten ek ynternet. Sa kin hy moai twa dingen kombineare: Frysk lêze en it gean en stean fan SDS folge.


Ferslach fan B2
Wy krije net sa faak in berjocht fan B2. Dat is spitich want ek dizze jonges dy’t mei in fersaak oan lieders wurkje, fertsjinje better. Jelle de Boer ien fan dy lieders is no yn de pinne klommen en skriuwt in boeiend ferslach

Lêste training
Hjoed, 16 desimber is der foar de spilers fan SDS 3, 4 en 5 noch in lêste training. Trainer Sipke Hiemstra rekket der op dat er lykas altiten in goeie opkomst is. Is it fjild te wiet, dan wurdt de droechte fan de kantine op socht.