Wepperkes -tongersdei-

SDS League: Married with Football pakt wykpriis
9 december 2004
Seleksjes SDS 1,2,4 en 5.
10 december 2004

Futsal: SDS 1 spilet lyk tsjin Stobbegat
SDS 1 hat justerjûn 6-6 spile tsjin Fuotbal Feriening Stobbegat(FFS). Yn sporthal de Telle yn Hearrefean koe SDS eindliks syn earste puntsje fan it seizoen yn in útwedstriid pakke. Foar SDS skoorden Harm(2x), Robert(2x), Peter en Willem. Foar FFS skoorde Jeffrey Talan 5 x. Harm miste jammer genôch 1 minút foar tiid allinne foar de keeper. Lokkich genôch die Jeffrey Talan dy selde minút it selde. Marten Faber keepte by SDS 1 om ’t Jan Simon Jelsma noch te folle lêst hie fan syn skouder. Folgende wike spilet SDS 1 om 21.00 oere thús tsjin Urk 2.

Futsal: SDS 2 ferliest mei  4-6
Hoe is dat sa ta stân kommen?. 
Mail it ús(info@vv-sds.nl).

Dirk de Jong opereare!
Dirk de Jong is fanmiddei om 12.00 oere holpen oan syn knibbel yn it sikehûs fan Drachten. Om 14.00 oere wie hy werom op ‘e keamer. De operaasje wie goed ferûn. Hy moat noch 5 dagen(!) yn it sikehûs bliuwe om wat op te knappen. As ien in kaartsje stjoere (of in fruitmand)wol dan kin dat hjir hinne:

Nij Smellinghe
Compagnonsplein 1
9202 NN Drachten
keamer 139 bed 2

Seleksjes senioaren SDS
As alles meisit dan kinne jimme moarntemoarn de seleksjes wer fine fan alle senioare-teams dy ’t sneon fuotbalje moatte. It sil ús benije as Jappie Wijnia wer reservespits(en -keeper) is fan SDS 1, as Lykle Bleekveld, Anne Brouwer of Klaas Okkema sneon coach is by SDS 1, as Jos Zonderland al klear is mei it behingjen, as Klaas Molenmaker wer te winkeljen moat, as Geert Poeze noch in tattoo sette lit en as Ruurd Boorsma wer mei SDS 1 en 2 mei moat. Jimme kinne it hjir moarn lêze!

Útslach “Hulpsinteklaasepriisfraach”

Hjir de oplossingen dy ’t wy binnenkrigen op ús priisfraach:
* “Ik tink dat it Rene Velzen is! En ik ha ek noch in fraach oan him; wat is der mei de pyten oan de han, se sjogge wat bleekjes.”
(ex-Pyt Sjoerd van Beem)
* “Klaas de Haan !!!”
(Marco Hoekstra)
* “Uit betrouwbare bron weet ik dat dit Douwe Durk Reitsma is.”
(Feike Jorritsma)

Fan Sjoerd en Marco siet Marco der noch it tichtste by. Klaas de Haan hat ommers ek in burtsje. It wie allinne Feike Jorritsma dy it goed hie. De hulpsinteklaas wie Douwe-Dirk Reitsma. Om Feike hannele mei foarkennis kinne wy allinne gjin priis útkeare.

De nije Treffer
As alles goed giet dan komt moarn de nije Treffer út. Hjir kinne jimme û.o. yn lêze wat Wichard fan seks foar de wedstriid fynt, hoe as SDS C3 hun wichtige wedstriid tsjin De Sweltsjes wûn, dat Pieter eltsenien tank seit en fansels noch folle mear.

SDS 3
SDS 3 stiet fier boppe-oan. Hoe as dat sa kin dat kinne jimme hjir lêze.

Noch mear?
Hawwe jimme noch mear? Mail it nei
info@vv-sds.nl.