SDS 1 is Kampioen!!
5 mei 2004Opstelling SDS 2
6 mei 2004Stoppe
*Marco Ottens hâldt op. Hy hat it drok mei syn wurk en gesin en stoppet op syn hichtepunt. Nei foarich jier kampioen te wurden mei Mulier, waard hy no kampioen yn ‘e 3e Klasse mei SDS.
*Broer Wiebe hat it drok mei syn gesin en giet ôfbouen by 3eKlasser Bolswardia.
*Wichard Deinum hat it ek drok mei syn gesin. Hy hâldt op yn SDS 1 en giet nei Reserve-earsteklasser SDS 2.
*Trainer Kees Jansen kriget it wat minder drok. Hy giet nei sneons-fierdeklasser CSL.
Dochs nei Ljouwert
Henk Postma siet juster op ‘e bank by SDS 1. Hy soe om 3 oere yn ‘e bus nei it Befrijdingsfestival. Hy stapte yn op ‘e Terp. Yn it Noard krige hy tillefoan. Anne Brouwer fansels. Hy moast mei nei Ljouwert te banksitten. Op ‘e Walperterwei is Henk wer útstapt.
Drok
It wie juster aardich drok by it fuotbaljen. Oan ‘e resette te sjen wiene der sa ’n 1500 taskôggers.
SDS 2 – Drachtster Boys
Jûn wurdt om 19.00 oere yn Easterein de heale bekerfinale spile tusken SDS 2 en Drachtster Boys 2. Kom dus allegear! Fanmiddei kinne jimme hjir de fermoedelijke opstelling fan SDS 2 lêze.
Lokwinske!
*De voltallige selectie, trainer, leider(s), verzorger en aanhang van harte gefeliciteerd met het behaalde kampioenschap
namens de gehele selectie van de VV Buitenpost.
Drie maal gewonnen van Be Quick is overtuigend lijkt mij, hoewel zij er natuurlijk zoals gewoonlijk heel anders overdenken!!!
Wij hopen dat de nacompetitie voor ons goed verloopt zodat wij elkaar volgend jaar weer ontmoeten in de 2e klasse.
Groetjes,
Riemer Riemersma
Leider ZM1 VV Buitenpost
Fan it Bestjoer
– Ik (Rienk Wiersma) ha justerjoen ferjitten de minsken fan it musykkorp ut Easterein te bedanken, geweldich dat se mei de wein mei it earste troch it doarp gongen binne.
– De organisaasje en untfangst by Blauw Wit wie fantastysk, in grut kompliment for de gastclub ut Ljouwert.
– Betellende taskoggers: 1030 folwoeksenen en 160 bern (en dan noch al de bobo’s fansels) De ponghalder is mear dan tefreden!
– Sa as it no der foar stiet komt der fjirder gjin kampioensresepsje, it feest hat justerjoen west.
Gerrit syn fyts is fuort!
– De kanariegiele fiets fan Gerrit Terpstra skynt justerjûn stellen te wezen, we hoopje dat hy him gau wer kryt! Hy hat him jûn alwer noadich om nei de Skoalleseize te kommen!
Foto’s!
Myn postvak sit sluchtfol foto’s en ik hoopje fanmiddei noch efkes tiid te hawwen om se op de webside te setten. Ik moat fansels om 19.00 oere alwer fuotbalje en bin no oan it wurk. Jimme kinne op www.dophok.nl yn elts gefal fanmiddei al sa ’n 60 foto’s besjen.
Op ‘e radio
Gert-Jan Hiemstra wie fannemoarn te hearen op Omrop Fryslân. Klik hjir gean nei sa ’n 20 minuten en jimme kinne him heare. Je kinne ek gewoan nei www.OmropFryslân.nl
Drok(2)
It is hjoed drok op de webside. Wy hawwe no al mear as 435 besikers. Safolle hawwe wy noch noait op ien dei hân.
Maile!!
Hawwe jimme noch wat oer juster, wolle je SDS 1 felisitere of oars wat, mail it ús efkes op info@vv-sds.nl.