Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -tiisdei-
23 juli 2007
Wedstriidprogramma SDS B1
26 juli 2007

Super!
Foarige wike wie Jacco Kooistra mei syn heit en mem op Skylge. It tafal wie dat SC Heerenveen krekt dat wykein in oefenwedstryd op Skylge hie. Dat kaam moai út. Ek wie der in fuotbalclinic foar de Skylger fuotbaljeugd. Hanny Overal hat der foar soarge dat Jacco ek meidwaan mocht. Sa hie Jacco de dei fan syn libben tusken û.o. Pranjic, Garcia-Garcia en Yildirim. Fanmiddei kinne jim hjir de foto’s fine.

Kompetysje-yndielingen junioaren
Ek de kompetysje-yndielingen foar de junioaren steane op de webside fan de KNVB. It is efkes sykjen mar yn dit bestand(klik
hjir) kinne je de yndielingen fan SDS A1, B1, B2, C1 en C2 fine. Betink je dat A1 yn de 1e-Klasse F sit, B1 yn de 1e-Klasse E, B2 yn de 3e-Klasse J, C1 yn de 3e Klasse AK en C2 yn de 4e-Klasse I.

Jubileumtreffer
Hanzedruk is op it stuit drok dwaande om de Jubileumtreffer te drukken. Wy hoopje dat der it wykein by jim op de matte ploft.

WK
Tiisdeitejûn soe der wer yn Wommels fuotballe wurde. Jammer genôch wie der net folle animo(4 man). Jûn(=tongersdei) sil it op ‘e nij probeard wurde. Der wurdt fuotballe fanôf 19.30 op it fuotbalfjild. Wa ’t nocht hat komt mar efkes del.

Hendrik Sorbo
Hendrik de Jong hat by Sorbo aardich de wyn derûnder………..(klik
hjir).

Anfield Road
De lêste jierren binne aardich wat SDS’ers nei Liverpool ta west om it prachtige Anfield Road te besykjen. Wa ’t noch nea west hat hat noch 3 seizoenen de kans om it stadion te besykjen(klik
hjir).

Klassiker
Dit filmke is fansels in klassiker. It bliuwt de muoite wurdich om him te besjen. Jiskefet en Ajax(klik hjir).

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen!

Tour de Farce?
In protte SDS’ers sjogge mei genoegen nei de Tour de France. Wy sjogge ek mei genoegen nei Fokke en Sukke.