Wepperkes -tiisdei-

SDS-froulju ek yndield!
23 juli 2007
Wepperkes -tongersdei-
26 juli 2007

Skelte winner PC
Snein wie de PC foar pelote keatsers. Dit barren fûn plak yn Winsum. Skelte Anema út Mantgum wie ien fan de winners. Hij sil takem jier mei de koets Winsum ynbrocht wurde. Tjalling en Jaap hawwe mar gelok mei sa’n maat, want kommende snein sille mei him yn Ingelum
keatse. It geruggie klopte dus yndie.
(Dirk-Yde, bedankt foar de tip!)

Skelte hjir op archyf foto, nommen yn Littens.
Mear fan dizze foto’s kinne jim
hjir sjen

Jongefeinten
Kommende woansdei komme der wer hiel wat jongefeinten fan SDS efter de kompjoeter wei. Sij sille nammenlik  yn
Easterein stride om de sulveren leest. It tema wie: “wa kin Wytmarsum fan de priis hâlde” mar dat tema kin no bijsteld wurde. Want Herman Sprik docht net mei. Neffens ús fuotbaleach makket Easterein no ek kâns om de leest thús te halden. It begjint 11.00 oere, der  mei (terjochte)net mei fuotbalskuon keatst wurde op ús fuotbalfjild en nei ôfrin is der muzyk.

Frjemd……
Der binne aardich wat futsallers stoppe. Foar SDS reden om in team út de kompetysje te heljen. SDS 3 wurdt 2 en SDS 2 is derút helle. Sa spilet SDS 1 Haadklasse en it “nije” SDS 2 4e Klasse C. By de yndielingen op de KNVB-webside docht bliken dat SDS 2 yndield is yn de 1e-Klasse en SDS 3 yn de 4e-Klasse C. Frjemd(klik hjir).

Earst noch efkes fuotbalje?
Sawol Dirk-Yde Sjaarda as Mark Postma sille nei de simmer nei it bûtenlân en kinne dan net foar SDS útkomme. Mark Postma fertrekt al foar de start fan it seizoen nei Sweden. Dirk-Yde kin miskien noch wol wat wedstrydsjes meipikke. Hy fertrekt pas op 4 oktober fia Hong Kong nei Sydney.

Knap
As je it sa wolle dan slagget it je net(klik hjir).

WK
Jûn(=tiisdei) sil der wer yn Wommels fuotballe wurde fanôf 19.30 op it fuotbalfjild. Wa ’t nocht hat komt mar efkes del.

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen!