Evenementen in november 2022

SDS League: Âld-SDS trainer pakt de wykpriis.
27 december 2006
Ferslach Krysttoernoai Frentsjer
28 december 2006

Klaas Dijkstra

It is net oan it bestjoer fan Broekster Boys foarbijgien dat Klaas Dijkstra dizze wike de wykpriis wûn yn de SDS – leaugue. Wij konstatearden doe al dat Klaas seker ferstân hat fan it spultsje. Mooglik troch it resultaat yn de league, hat hij juster in kontrakt tekene bij Broekster Boys. Mooglik dat wij him dan folgend jier werom sjogge yn Easterein, at beide klups noch yn de twadde klasse sitte.

Ferslach Krysttoernoai Frentsjer
Hjir hie it ferslach stean sillen fan Gerard van Asselt oer SDS op it krysttoernoai fan Frentsjer. Syn komputer is allinnich wat yn de war. Wa kin him helpe?

Utslaggen toernooien
Dizze dagen tusken kryst en nijjier binne der meardere toernooien foar de jeugd. Wij soene it tige op priis stelle dat wij de prestaasjes fan útslaggen efkes sa gau as mooglik trochkrije. Maile kin nei
dit adres.

Seleksjes Midwintercup
Woansdei wurde de foarrondes spile foar de Midwintercup. De seleksje foar SDS-futsal is bekend. Dizze seleksje kinne jim hjir moarn op de side lêze. De seleksje fan SDS-fjild is noch net bekend. Wy binne benijd hoe ’t dizze der útsjen sil.

Moaiste doelpunt
Nei Dirk de Jong en Jaap Toering is Sipke Hiemstra de tredde dy’t him noch in moai doelpunt herinnerje kin. Hij skriuwt dit:
De mooiste goal oant no ta is makke troch Piet Kempe fan SDS 6. Yn de wedstriid tsjin WPB 3 skeat hy de bal fan san 30 meter strak yn it krusing. Hjirmei kaam de stan op 2-0.

Keatse en fuotbal
De leden fan
KF Wommels kinne sneon keatse en alle leden fan SDS kinne snein om 2 oere noch efkes sealbalje. Opjaan foar dat fuotbaljen is net nedich. 

Lifters
Noch nea hat er sa lang in diskusje west oer de finish fan de lifters. Wat is it gefal: it sliepplak wêr’t de lifters normaal harren finish hawwe leit op in eilân. Dat is net sa slim, mar it is ferfelend dat dy jeugdherberch mar 400 meter fan de boat ôf stiet. Mei oare wurden: fan de boat ôf giet hurddraven wierskynlik flugger as lifte. De diskusje is no of de finish bij de boat of bij de herberch wêze moat. Wij ferwachtsje dat ús sportive SDS-ers (Jan, Sjoerd en Sjoerd) mei in izeren kondysje in drafke graach brûke wolle om te winnen. Wij hâlde jim op de hichte.

Nijs
Hawwe jim nijs, leuke tips en oars wat mail it nei
ús adres.