SDS League: Âld-SDS trainer pakt de wykpriis.

Wepperkes 2de krystdei
25 december 2006
Wepperkes -tongersdei-
27 december 2006

The Jelsmanian Devils fan Jan Simon Jelsma steane noch altiten boppe-oan. Neffens ús kin hy mei noch ien wike te gean it PSV-kluplied wol fêst út de holle leren gean.

Tom, Pieter & the Heartbreakers hawwe de gang nei ûnderen te pakken. Sy sakje dizze wike fierder fan 3 nei 5. No ’t Verhaegh fan Vitesse juster skoord hat ferwachtsje wy dat sy net fierder sakje sille.

Sonata Arctica(Gerard Posthumus) docht goeie saken. Hy giet fan 5 nei 2. Hy komt wol krekt 2 punten te koart foar de wykpriis.


Âld-SDS-trainer Klaas Dijkstra blykt dochs wol in bytsje ferstân fan fuotbaljen te hawwen. Mei syn team Rob en Frank pakt hy dizze wike de wykpriis. Foarige wike grypte hy noch krekt nêst de wykpriis.

Super Solo de Boer(EdB) kin de poedelpriiis hast net mear ûntrinne. Hy stiet 15 punten los.

Folgende wike komt de einstân!

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 14.