SDS League: 2 wykpriiswinners!
8 november 2006Wepperkes -freed-
9 november 2006Futsal: SDS 2 ûnderút
SDS 2 hat justerjûn mei 4-1 ferlern fan Genemuiden 1. Foar SDS 2 makke Feite it ienige doelpunt. Klik hjir foar it ferslach fan Dirk-Yde Sjaarda fan dizze wedstryd.
Inderdaad een goed alternatief
Juster op training waard de rivaliteit tusken Easterein en Wommels oanhelle, nei oanlieding van it bericht op de webside fan SDS. De einpartij om de trije punten soenen tusken de twa rivalen gean. Uteraard hearden Meilahuzen (A. Feijten) en Easterlittens (Feiko) bij de Eastereiners. Foar it skoft hienen de Eastereiners al een riante voorsprong fan mar leafst 4-0! Nei rust sakke de thusspilende partij wat yn, al kaam de oerwinning net mear ien gefaar. Overigens die trainer Marco mei Wommels mei, miskien sprake fan falspyljen……
Jildert Hylkema
Nije korrespondinsje-adres
Om ’t André Vink it wedstrydsekretariaat oernommen hat fan Tinus Hoekstra is it korrespondinsje-adres ek feroare. Dit is it nije:
Fam. A.C.Vink
0515-333134
Hjerstkampioen
Tsjerk van der Pol hie fanmiddei wat tiid oer en seach efkes nei de stânnen by de SDS-jeugd. Hy hat efkes rekkene en neffens him is SDS E4 no al hjerstkampioen. Dit koe ek hast net misse want sy hawwe oan’t no ta alles noch wûn. Hooplik set dit nei de winterstop troch.
Miskien jûn in feestje nei it trainen?
Stân SDS E4:
1. | SDS E4 | 8 | 8 | 0 | 0 | 24 | 76 | 16 |
2. | AVC E3M | 8 | 6 | 1 | 1 | 19 | 36 | 17 |
3. | WZS E2 | 8 | 5 | 2 | 1 | 17 | 26 | 16 |
4. | Oosterlittens E5 | 8 | 5 | 1 | 2 | 16 | 45 | 27 |
5. | Scharnegoutum E3 | 8 | 3 | 1 | 4 | 10 | 31 | 42 |
6. | Zeerobben E5 | 8 | 2 | 2 | 4 | 8 | 20 | 29 |
7. | SC Franeker E10 | 8 | 2 | 1 | 5 | 7 | 14 | 36 |
8. | Mulier E3 | 8 | 1 | 2 | 5 | 5 | 13 | 34 |
9. | AVV E2 | 8 | 1 | 1 | 6 | 4 | 24 | 32 |
10 | JV Bolsward E5 | 8 | 1 | 1 | 6 | 4 | 17 | 53 |
Skjinne klean
Wy witte no fan wa’t de smarge klean wienen dy ’t by Sieta Visser de woskmasjine yn gienen:
In fraachje
Kommende sneon spilet SDS út tsjin Oeverzwaluwen. Yn de lêste 30 jier hat SDS mar trije kear bij Oeverzwaluwen yn de kompetsyje sitten. De lêste oerwinning wie neffens ús bron op 8 maart 1976. In 1-2 oerwinning. Wij woene wol graach witte wa’t doe skoarde foar SDS.
Skorst?
Sa ’t no liket is Dennis Dijkstra net skorst foar kommende sneon. Hy is ôfrûne sneon op papier kommen mei 2 giele kaarten en is dus net automatysk skorst foar de earstkommende wedstryd. It kin al wêze dat der hjoed of moarn in skorsing binnen komt.
Harsens derby!(19)
Ferskeidene SDS-side besikers(û.o. Ates Feikes de Boer, Marcel Frankena, Henk Postma en Henk en Bertus Bootsma) hawwe wat mei boatsjes. Wy snappe no wêrom(klik hjir).
Nije trainer?
Mocht Erwin Koeman it net rêde by Feyenoord dan stiet de nije trainer al klear……………..