Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
11 september 2007
Seleksjes sneon
14 september 2007

Analyse Mulder
Wij wiene yn de gelokkige omstannichheden dat wij it fuotbal fan van Basten en konsorten woansdeitejûn net sjen koene. Wij hiene nammentlik in goed boek. Nei de tiid seagen wij noch efkes nei Jan Mulder en doe wisten wij werom wij dat goeie boek útkeazen hiene. Sjoch hjir

SDS League(1)
Kommende sneon is it de lêste dei om je team yn te leverjen.
Klik
hjir om ek mei te dwaan.  Ferjit it net!

SDS League(2)
Je kinne de SDS League ynleverje by Roel Sybesma yn Easterein of Willem Wijnia yn Wommels. Je kinne de SDS League tongersdei of sneon ek meinimme nei de kantine. Willem is der dan fêst wol. Nei sneon binne je te let, want de wedstriden fan kommend wykein telle lyk al mei.

Wrâldrekord
Wij krigen in leuke reaksje fan Jan-Rinse Blanksma:
In Madagaskar werd de grootste voetbaluitslag ooit behaald. Een trainer werd zo boos na een arbitrale dwaling dat hij zijn spelers opdroeg om alleen maar in eigen goal te schieten. Zo gezegd, zo gedaan
!
Einstân 149-0.

Doelpunt SDS 3
Remco Bervoets jout ús troch dat Anco Elgersma it doelpunt foar SDS 3 tsjin Ouwe Syl skoard hat. De list wurdt oanpast.

Futsal 3
Futsal 3 hat woansdeitejûn fuotballe tsjin Futsal Cambuur 11. SDS wûn mei 10-0. Neffens Tsjerk Okkema koe dit ek net oars; “as Cambuur 1 al net sa best is, dan kin it 11e ek noait folle wêze”

Futsal 1
Sij moasten nei Ljouwert en kamen werom sûnder punten. Der waard mei 6-4 ferlern fan Blauw-Wit’34 1.
SDS wie net folle minder as de Ljouwerters, mar rûn de hiele wedstryd in bytsje efter de feiten oan. Hieltiten kamen sy mei ien goaltsje efter. By 5-4 krige SDS in soad kansen, mar de keeper fan Blauw-Wit ’34 wie efkes net te passeren. By de 6-4 krekt foar tiid wie it dien.
Feite(2x), Skelte en Anne(alwer! En ek noch mei links) makken de goals.

Lache!
Wy fûnen dit wol aardich(klik hjir). Miskien moatte wy ek mar ris soks dwaan op dizze webside. Wy sille fêst om foto’s sjen.

Hawwe jim nijs of wolle jim oars wat kwyt, mail it nei dit adres.

 



Letter mear!