Wepperkes -woansdei-
30 mei 2006Mark mei nei it WK!?
1 juni 2006Win in WK-kaart!!
Der binne no 22 dielnimmers dus der is noch altiten kâns om in kaartsje te winnen foar Nederlân-Servië(sjoch wepperkes fan woansdei). De 25e sil der fanmiddei grif wêze en dan kinne jim hjir lyk lêze wa ’t it kaartsje wûn hat, wêr ’t se presys sitte yn ’t stadion, hoe let se fuort geane en alles mear.
Klik hjir om it dielnimmersformulier fan de SDS WK League del te heljen.
Wy binne benijd!
Bobs
Moarn giet de A-seleksje nei Ljouwert te golfen. Sy fertrekke om 17.15 út Easterein wei by it fuotbalfjild. Der binne noch al wat minsken noadich dy ’t ride wolle. Dus as der frijwillige Bobs binne dan graach de auto meinimme.
Slotjûn SDS A1
De A-junioaren hawwe ôfrûne sneon ek in feestlike ôfslúting fan it seizoen hân. Dit stie allegear op it programma:
17.00/18.30 volleybal en voetvolley yn ‘e sporthal
18.30/ 19.00 kegelfuotbal (troch in pegel in fleanende kegel troch it rút fan ‘e tagongsdeur)
douche
19.30 lopend buffet (chinees) yn´e kantine
Nederland – kameroen sjoen (mei tank oan Feike en Theo, televisie wie stikken)
Foto´s wedstriid SDS A1 – Heerenveense Boys besjoen (mei dank oan van Putten sen.)
Darttoernooi
Gesellich neisitten
24.00 slúting
Groetnis,
Marco
Oerskriuwing
Nei juster kin “net ien” mear feroarje fan amateurklup. De úterlike transferdatum is namelijk 31 maaie. Wy nimme oan dat der nêst Tsjalling Sikma, Erik Haitsma en Jaap Toering net mear spilers “oanlutsen” binne troch SDS. Of soe ….
Foutsje…….
Juster melden wy dat de finale fan de neikompetysje yn de 3e-Klasse tusken Nijland en Be Quick Dokkum sneon by de Leeuwarder Zwaluwen spile wurde sil. Dit stie te lêzen op de webside fan Nijland. Dit sil allinne wol net it gefal wêze want ek de finale fan de 2e-Klasse tusken Leeuwarder Zwaluwen en SGV wurdt frjemd genôch op itselde fjild spile. Wy hâlde jim op de hichte.
WK-spultsje
Wy krigen in leuke tip fan Namkje Koudenburg. Op dizze webside kinne je in leuk WK-spultsje dwaan(klik hjir). Wy binne benijd as jim ek in priis winne!