Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
9 mei 2006
Slotjûn D-, E- en F-pupillen!
11 mei 2006

Sowieso
De lêste (kampioens)wedstryd fan de futsallers fan SDS 2 tsjin Old Forward is noch altiten net ynpland troch de KNVB. Dit kin mei namme foar Dirk-Yde wolris problemen opleverje. Hy sil oer 2 wiken nei Praag op ekskursje. Dirk-Yde lit al witte dat hy sowieso fuotbaljen giet mocht de kampioenswedstryd yn dy wike falle.

Punten kwyt?
De futsallers fan SDS 2 misse ek noch altiten 3 punten op de ranglist. De wedstryd tsjin Genemuiden is noch altiten net ferwurke yn de stân. It liket derop dat de Genemuideners it net rjocht sette kinne dat sy dit seizoen alle wedstriden fan SDS ferlern hawwe op sawol it fjild(SDS 2) as yn de seal(SDS 2).

SDS C1 ferliest
SDS C1 hat yn Skearnegoutum west en der mei 5-4 ferlern. In wedstriid mei rare bysmaak….
Dat hie net allinnich te krijen mei de ôfgelasting fan foarige wike. Wol in komplimint oan de spilers fan C1.
Hja ha har allegear sportyf gedroegen en mei striid en ynset spile! In lykspul wie allinnich derom al fertsjinne west.
Myn ferslach folget noch.
Klaas

Miste strafslop
Ien bal en trije doelen. Dat wie de sitewaasje sneon bij SDS 3. Jan Stenekes miste in strafskop. Wij rekkenje op in moaie trije dûbele Clarence Jan foto. Wa’t noch mear bij SDS strafskoppen mist hat, kinne jim hjir sjen.

Sneon WK-sjurtsjes en petten te keap
Der is mei it WK in grut skerm by kafé Bergsma en der wurdt in tribune by boud. Om der wat sfeer yn te bringen wurde der shirtsjes en petten ferkocht. De petten binne €2,50 en de shirtsjes €12,50. Fan dy €12,50 giet dan wer €2,50 nei SDS. De ferkeap fan dit spul begjint sneon by de lêste thúswedstryd fan SDS 1 yn de fuotbalkantine. Dêrnei bin dizze spullen fansels yn it kafé te krijen. De entree mei it WK is fergees mar in goed oranje humeur is wol in fereiste.
 
Dit is mar in foarbield fan wat der sneon te keap is

Stikje Musyk
Sneon spilet der nei de lêste wedstryd fan SDS 1 in stikje muzyk yn de kantine. Dus leden stipers, sponsoren, supporters, frijwilligers en alle oaren dy’t wat mei SDS te krijen hawwe kom sneon manmachtich nei de Skoalleseize want it is de muoite wurdich om efkes hingjen te bliuwen. Edward Baker komt lâns mei syn
One Man Band.