Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
9 mei 2006
Wepperkes -tongersdei-
10 mei 2006

Wizige
It programma fan SDS C1 is mar wer ris wizige. Sy spylje woansdei om 19.00 oere yn en tsjin Skearnegoutum en m
oandei om 19.30 oere thus tsjin Nylan. Tuskentroch spylje sy sneon noch efkes om 10.45 thús tsjin Harlingen C1.

Wol of net nei SDS
Wy binne benijd as Erik Haitsma ek nei SDS komt. It liket wis dat hy yn elts gefal by SC Cambuur fuortgiet. Moandei hat hy in gesprek hân mei in Snitser klup. It hinget fan dizze “oanbieding” ôf as hy wol of net nei SDS komt.

Hy docht it!

Het scorebord staat en werkt perfekt.
Dus wat “de skoalleseize ” betreft kan hij zaterdag ingezet worden.We hopen dan wel dat de linkerkant vaker bedient moet worden dan de rechter.
Verder proberen we vanavond de tractor af te bouwen in de loods van Tom.
groeten, Feike

Fuotbalje en traine
Tongersdeitejûn fuotballet SDS 4 thús. Tsjinstanner is Lions. It begjint 19.00 oere. Jim kinne dêrnei ek de lêste training fan SDS 2 sjen en is it skoreboerd ek al te bewûnderjen.

Boerengolf
Freedtejûn geane de spilers fan SDS 4 op stap. It programma hawwe jim al lêze kind yn de Treffer. It boerengolven sil plak fine yn de buert fan Lollum (nea witten dat Arum ek bij Lollum hearde.) De
golfklup hat in leuke webside dy’t sjen lit wat je dêr allegear noch mear dwaan kinne. Want boerenfuotbal, boerenfolleybal en boerentennis kin dêr ek. Op foto’s kinne jim sjen dat er al mear út Wommels en Easterein west hawwe te golven. Mar dat wie op de holes foar froulju.

Yn it museum
Neffens Bote Strikwerda moat it grutste burd fan in SDS-er ek yn it museum. Persoanlik fine wij dat net sa’n goed idee (winters te kâld en simmers net waarm genôch). At hij no yn Shamrock (Texas) wenne dat hie it kind. Want dêr hâlde se alle jierren in wedstryd  wa’t it langste burd hat dat groeit tusken 1 jannewaris en St-Patricks day (17 maart) . Op
dizze wepside kinne jim dêr mear oer fine.

In pak foar Sybren
Sneon spilet SDS 2 syn lêste kompetysjewedstryd. Sybren Nauta lit witte dat hy der net by wêze kin. Hy moat nei de stêd om in pak op maat meitsje te litten foar de trouerij fan syn sus. Dit is foar trainer Klaas Okkema fansels gjin jildige reden om net te kommen. Sybren moat dus gewoan fuotbalje. Mar wa regelt der dan in geskikt pak foar him? Ús foarstel is dat eltsenien sneon in pak foar Sybren meinimt sadat hy útsykje kin. Wy binne benijd.

Dit pak kin Sybren net wer oan hawwe. Dit moat syn heit wer oan………….

Regels
Ek by ús thús jilde der bepaalde regels. De frou hat sa inkelde foar my(net mei dy smoarge kissies op tafel, net te let thús út de kroech, op tiid nei de kapper ensfh.). Spesjaal foar it WK-fuotbal haw ik wat regels foar har opsteld(klik hjir).

Bûtenspul