Wepperkes (tiisdeitemiddei)

Programma SDS dizze wike
29 maart 2004
Archief
30 maart 2004

Ferslach SDS 1 – Bûtenpost
It ferslach fanút Bûtenpost koenen jimme al lêze op dizze side. Op Voetbalnoord kinne jimme no ek it ferslach lêze fan ús razende SDS reporter. Hy hat fanôf it byfjild noch aardich sjen kinnen dat SDS net winne koe. Jimme kin it hjir lêze. Noch foardat it yn ‘e Op ‘e Skille stiet.

35.000e besiker

Dit wykein hawwe wy alwer de 35.000e besiker wolkom hjitte kinnen op ‘e side. Dit wylst wy noch mar 15 moannen yn ‘e loft binne. Foarige wike hellen wy sels hast 1600 besikers yn ien wike.

Misferstân

SDS F1 hie it graach oars sjoen mar yn de útslaggen fan ôfrûne wykein stie in lyts foutsje. Sy moasten út nei WWS en wûnen net mei 4-2, mar ferlearen mei mar leafst 10-0.

Blauhûs 1 of SDS 2?
De resultaten fan SDS 2 bliuwe net ûnopgemerkt. Sneins- 5e klasser Blauhûs hat te min minsken foar hun flaggeskip folgend jier. Sy sykje no yn ‘e omkriten foar nije spilers. Frank Rijpma fan SDS 2 is al benadere as âld-Blauhûster. Jammer genôch foar Blauhûs spilet Frank folgend jier leaver yn ‘e reserve 1e klasse op sneon.

4x yn acht dagen
Net allinne it 1e fan ONT spilet folgende wike 4 wedstriden yn 8 dagen. Ek SDS 2 kin him klear meitsje. Sy spylje sneon tsjin Workum, tiisdei tsjin Oeverzwaluwen, sneons tsjin Bolswardia en Peaskemoandei tsjin Flevo Boys. Sy hoefe net fier fan ‘e pôlle, want sy spylje alles thús behalve tsjin Bolswardia. Ek SDS A1 en SDS 5 moatte tiisdei 3 april op jûn fuotbalje. SDS A1 moat nei DIO Oosterwolde en SDS 5 nei Suawoude.