Wepperkes -moandei-
27 juni 2005Wêr moat de nije elftalfoto nommen wurde?
28 juni 2005Promoasje of degradaasje
Geane je der op foar út of op efterút at je earst trainer fan SDS 1 wiene en dêrnei jeugdtrainer foar B1 bij Cambuur.
Yn alle gefallen: Lyckle Bleekveld sil takem jier optrede as trainer fan Cambuur B1. Dit stiet te lêzen op de side fan Cambuur(klik hjir).
Drok
Marcel Frankena kriget it kommend seizoen noch drok. Hy wurdt net allinnich haadtrainer by SDS 1, mar bliuwt ek jeugdcoördinator by SC Cambuur. Ek dit stie te lêzen op de webside fan Cambuur(klik hjir)
Dochs noch in SDS ‘er degradeard
It like sa’n prachtich jier foar de spilers fan SDS. Sommigen kampioen en oaren goed handhavene. Dochs is der ien bij dy’t it foar elkoar krigen hat om dochs noch te degradearen. Nei it seizoen notabene: Jacob Klaas Haitsma degradeart fan de haadklasse keatsen nei de earste klasse. Wy tinke dat hij no wer folop mei docht oan it krânsenklassemint.
“Bernard” Dijkstra
Yn de Op ‘e Skille fan in wike werom stienen de útslagen fan it Horecakeatsen fan snein 12 juny. Wy as webmasters sjogge altiten efkes as der ek SDS’ers yn de prizen fallen binne by it keatsen. Wy seagen dat de SDS ‘ers Sieb(=Syb) Overal, Harm-Auke Dijkstra en Robert Sybesma foar Horeca Easterein in 3e priis pakten yn de A-klasse. Yn de B-klasse pakte Café Jimbar de 2e priis. Hjir moasten fêst SDS ‘ers by sitte. En jawol, Namkje Koudenburg pakte mei Jan Stenekes(SDS 3) en …………………..Bernard(?????) Dijkstra dy 2e priis.
Dan moat dit Bernard Dijkstra wêze???
SDS ferliest peloten fan Ljouwert
By it pelotekeatsen yn Littens moast Easterein (de omropper hie it foaral oer SDS en frege sels applaus foar it beheljen fan de titel yn de twadde klasse) oantrede tsjin Ljouwert. It wie in dreech begjin foar Easterein en rekken dan ek flink efter. Yn it lêst oan kamen se noch wat werom mar de lêste bal foel op 7-4 6-2.
Yn it gelid foar de tinte: de spilers wurde foarsteld oan it publyk
Gert Jan, Marten, Robert en Tsjipke Klaas wikselje fan helte.
De 5 man yn it perk
Om 20 oer achten wikselen se al wer
Robert leit noch efkes út oan Marten dat syn beweging yn it perk him fan ‘e doele brocht. Marten kin der wol om laitsje.
Tongersdei om 19.30 oer is de finale!