Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -snein-
28 april 2007
Wepperkes -woansdei-
2 mei 2007

Oefenje
Sneon ferlearen de froulju fan SDS 1 “krekt” fan SDS D1. Jûn sille de froulju probearje om fan Tzum 1 te winnen. De wedstryd begjint om 19.00 yn Easterein.

Neikompetysje
De futsallers fan SDS 1 kinne harren klear meitsje foar de neikompetysje. Ein maaie moatte sy yn in út- en thúswedstryd útmeitsje tsjin de winner fan Avanti-ZVH as sy yn de Haadklasse bliuwe meie.

Kursus
Hjoed(fan 10.00 oan ’t 17.00) joech skiedsrjochter Eric Braamhaar in spoedkursus skiedsrjochterjen oan ferskeidene jeugdspilers fan SDS.

Grutste ferliezer
Wa wie snein de grutste ferliezer? Wie it Ajax, AZ, Feyenoord? Foar ús wie it dy AZ-supporter dy ’t al in moaie tattoage setten hie mei de tekst: AZ landskampioen 2006-2007……….. 

Grutste winner
Wa wie snein de grutste winner? PSV, SC Heerenveen? Foar ús wie it in SC Heerenveen-supporter mei ek in PSV-hert. Yn it Abe-Lenstra-stadion gie der ien hielendal út syn dak. SC Heerenveen Europa yn en PSV kampioen. Ek hie der meidien oan Toto-score. Hy hie ynsetten op de wedstryd SC Heerenveen-Feyenoord en koe €350,- opstrike as hy gelyk krige. Wat foar útslach hie der ynfuld? ………5-1!!!!

Skoallefuotbal

Ôfrûne woansdei wie it skoallefuotbaltoernoai yn Easterein. Hjir de útslagen:

Bij de jongens werd er gespeeld in 2 poules van 5.  Waarna er kruisfinales werden gespeeld

Dit is het resultaat. :  
1 Goalgetters (it funiment)

2 de Grunslach 1 (wjelsryp)

3 Foareker 1 (Easterein)

4 Oplsach 1 (wommels)

5 Opslach 2 ( wommels )

6 de Foareker (easterein)

7 de Grunslach (wjelsryp)

8 de Reinboge (kubaard)

9 de Gersfretters (it funiment)

10 de Blacky’’s (itens)

 

Bij de meisjes waren 6 ploegen. En die speelden allemaal 1x tegen elkaar.

De uitslag:
1 de Foareker  13 pnt (easterein)

2 De Takomst  8 pnt +5  (it funiment)

3 Super Girls    8 pnt +5 (wjelsryp)

4 de Pinky’s     8 pnt +3 (itens)

5 de opslach    4 pnt  (wommels)

6 de Foareker    0 pnt (easterein)

Door het nemen van strafschoppen (34) is de takomst 2de geworden. Alles was namelijk gelijk.

SDS League
Wy hope tongersdei mei de einstân fan de SDS League te kommen.


Keatse
It fuotbalseizoen is foar in soad fuotballers nei ôfrûne sneon dien, dus kin it keatsseizoen begjinne. It keatsseizoen gie snein dan ek lyk fan start yn Weidum. Op Boppeslach.nl kinne wy sjen dat Feite hjir al drok foar oan it trainen wie.


1 punt
De lêste 4 wedstriden hat Feyenoord 1 punt helle.
Dat wie tsjin NEC. Dêr wienen in protte SDS’ers by. Der giet no praat dat SDS’ers koarting krije kinne op in seizoenkaart foar folgend jier foar Feyenoord. Feyenoord wol hjirmei garandere dat sy in punt per wedstryd pakke……

Van Hooydonk
Oer Pierre van Hooydonk waard altiten sein dat hy in jildwolf is en gjin klupleafde kin. Ôfrûne snein koenen wy sjen dat hy it fertriet fan Feyenoord wol hiel swier oanlûkt(klik
hjir).

Alves
Welkom yn de Alves-sjo!!(klik
hjir).