Analyse fanút Nijlân
11 oktober 2004Wichards analyse
12 oktober 2004Meinte Sixmatoernooi
Kommende sneon is der gjin bekerprogramma foar de jeugd. Dochs is der wol fuotbal. It Meinte Sixmatoernoai sil spile wurde sneon 16 oktober. It is in toernoai foar D, E en F pupillen. Der wurdt spile 4 tsjin 4. Wy nimme oan dat it moarns is.
Efkes nei de kommende talinten sjen liket ús net ferkeard.
Wa wie Meinte Sixma?
Meinte Sixma wenne yn Wommels en wie in echte fuotballeafhawwer en tige belutsen by SDS. Hy hat jierren yn SDS 1 fuotballe, hat letter ek noch lang mei fuotballe yn legere alvetallen. Hy hat in sit hân yn it bestjoer en wie ek noch in skoft foarsitter. Yn Wommels wie hy jierren lang it adres foar de totoformulieren.
Ek trainde hy senioaren en jeugdalvetallen. Sixma waard yn 1964 beneamd ta eare lid fan de feriening. Sixma is in oantal jierren lyn ferstoarn.
Grutte Klupaksje.
De senioren fan SDS waarden sneon wer ferrast mei twa lotten foar de grutte klupaksje. Sy waarden fersocht dy twa oan de man te bringen of se sels te hâlden. Dat lêste liket ús de grutste kâns te hawwen. De grutte klup aksje levert SDS ek wer op.
Wat in besikers!!
Juster hast 500(!!) besikers op de side. Sjoch hjir(of druk op dat blaue fjouwerkantsje mei dat reade grafykje hjir rjochts fan) ris om te sjen hoefolle besikers dizze side no deis lûkt en wêr as sy allegear wei komme. Foarige wike hienen wy 2555(!!) besikers. Safolle hawwe wy noch noait earder hân. Sels net yn ‘e wike dat SDS 1 kampioen waard.
Traine
It is wol wis dat er tongersdeitejûn yn alle gefallen ien man oanwêzich is. Stoffel Bouma. It iepenbier ferfier leit stil dus is Stoffel beskikber om te trainen. Omdat hy dit wykein wer yn Dútslân te jaaien west hat, sil wat traine ek wol nedich wêze.
De 100 meter yn…
At je oer de snelheid fan fuotballers fan SDS prate, falle steefêst de nammen fan Hendrik de Jong, Durk de Jong (no efkes net) en Dennis Dijkstra.
Gert Jan Hiemstra frege him sneon ôf: wa soe fan Hendrik en Dennis de snelste wêze.
Wy freegje it ús ek ôf. Of is der noch immen sneller by SDS.
Ha jim dêr in miening oer lit it ús witte of fine jim ek dat se der mar ris om drave moatte. Info@vv-sds.nl
Gastenboek
Op in protte siden steane gasteboeken. Wy fine dat mar neat, want meast wurdt er mear ouwehoerd dan dat er wat aardichs yn setten wurdt. Dochs wolle wy jim reaksjes wol graach hawwe oer fan alles. Fine jim wat of fine jim neat it makket ús neat út mar lit it ús witte. Jim kinne it gewoan maile en wy sette jimme reaksjes op dizze side. info@vv-sds.nl
Woansdei futsal jûn
Kommende woansdei is der futsal yn Easterein. SDS 1 kin wol wer wat supporters brûke yn de wedstriid tsjin Avanti 2. En supporters hawwe se ek fertsjinne nei de prima bekerwedstriid ferline wike. Woansdei om 8 oere. Wa’t er nei 50 minuten noch net genôch fan hat en perfoarst net nei Nederlân-Finlân sjen wol, kin SDS 3 ek noch sjen. Sy fuotbalje tsjin Balk 2.
Flaters
It falt soms net ta om de doelpuntenmakkers fan in wedstriid te efterheljen. Ut eigen erfaring witte wy dat. No mienden wy dat wy fan betroubere supporters heard hiene dat Floris hast skoorde en dat Hendrik en Robert beide oare doelpunten makken. Twifel sloech ta, doe’t yn it ferslach fan Nijlân stie dat Harm Stremler skoarde. Wiene wy dan wer ferkeard foarljochte?
Dan de Ljouwerter Krante mar efkes besjen. Noch gruttere fertwiveling want no skoorde Gert Jan hast en Durk Yde hielendal. De foto wie sels geweldich at je net better wisten. Want wy witte wol seker dat Geert en Gatske Gert Jan herkenden op de foto en net Floris. En Geert en Gatske hawwe sels mei eigen eagen sjoen dat Gert Jan de earste frije trapen naam en net rekke skeat en dat Floris de beslissende naam, dy’t wol yn eigen doel wurke waard. Ferwarrend allegear. Mar wy bliuwe dochs mar by ús earste berjochtjouwing: e.d. 01, Hendrik de Jong 0-2, Robert Sijbesma 0-3
Gezellige kantine
At jim it ferslach fan SDS 2 út Urk net lêzen hawwe dan dochs noch efkes in sitaat:
Een barslechte wedstrijd eindigde dus in een 1-1 gelijkspel. SDS kon tevreden terugreizen naar het altijd gezellige Easterend met een gewonnen punt.
Sa sjogge je mar wer : ek op Urk stiet Easterend goed bekind.
Ferpleger
De kabinet Bakfanellende hat ferfelende plannen foar ús yn petto. Sy wolle ús trochwurkje litte dat wy der by del falle. De kans is grut dat dy eardere minister him oer 40 jier deljûn hat yn in húske by Makkum oan See. Wy heare him al roppen om in dan 68 jierrige kealende ferpleger yn it Antoniussikenhûs yn Snits.