Wepperkes -tiisdei-

SDS League: De Ideale Elf
18 mei 2004
Wepperkes -woansdei-
19 mei 2004

Drachtster Boys 2 tredde fan Nederlân.
Dat SDS 2 him net hoechde te skamjen nei it ferlies tsjin Drachtster Boys 2 yn ‘e heale finale fan ‘e beker wie de measten wol dúdlik. Forige wike waard Drachtster Boys 3e yn it kampioenskip fan Nederlân foar reserve-alvetallen. Spakenburg 2 waard dêr 1e. Sneon 22 maaie spilet Drachtster Boys 2 de finale fan ‘e beker yn Drachten tsjin SC Genemuiden 2. Hjir noch efkes it ferslach fan de heale finale tsjin SDS(fan ‘e webside fan Drachtster Boys).

07-05 -2004 .. Reserves bereiken bekerfinale
OOSTEREND – Het tweede elftal van Drachtster Boys heeft op donderdag 6 mei j.l. met enige moeite de bekerfinale bereikt door met 0-1 te winnen van een stug spelend S.D.S. Ondanks het veldoverwicht was men niet in staat om de weinige kansjes te verzilveren en bracht men zichzelf een aantal keren behoorlijk in de problemen. De finale zal plaatsvonden op het sportpark Drachtster Bos tegen SC Genemuiden.
Bron:
www.drachtsterboys.nl


Topskoorderslist
Jimme kinne by senioren de nije list fine fan topskoorders. It is al bekind wa at de nije topskoorder is, al wit je noait wa at SDS 5 noch meinimt en wa at der skoord yn sa ’n lêste wedstriid. Folgende wike de definityfe list.

Wa wurdt lêst yn ‘e SDS League?
De family fan S.S. sit der dochs wol oer yn dat De Kuijertjes(mei coach S.S.) net de poedelpriis winne yn ‘e SDS League. Dit mailtsje krigen wy fan hun:
Middei Willem en/of Aant,
Tuurlijk giet it team fan de kuijertjes der fantroch mei de poedelprijs we hawwe efkes syn team der bijhelle en koene doe de konsekwinsje lûke dat der net ien spiler út syn team in doelpunt scoort hat en de helte fan it team hat net spile dus der is hoop foar SS.(Uri geller) Hij moat it wol helje want kommend wiekein is der hjir en oars moatte wij it oentjilde want wij hawwe him holpen it minne team op te stellen.
Groetnis Fam Kruijer Hoogezand ( dochter SS)

Moarn kinne sy hjir sjen as sy in min wykein krije as net.

SDS D1 kampioen
SDS D1 is foar inkelde wiken werom al kampioen wurden. Justerjûn kamen sy noch efkes tegeare foar de foto.

Op de foto ûntbrekt Anton Rispens. Hy koe der juster net by wêze. Sa it no liket komme we as lieders, trainers en spilers noch ien kear by elkoar. Net om foto’s te meitsjen, net om te trainen, net om te fuotbaljen, net om te skutsjesilen, mar
om efkes lekker te iten fan de barbecue en sa!
SDS D1 bedankt alle supporters, âlders, skiedsrjochters en wa we ferjitten binne te bitanken!
It wie in moai seizoen en deryn twa kear kampioen!
Groetnis,
Klaas Pompstra.
De ferslagen komme wol yn de Treffer.

Feessie SDS 1 en 2
Sa as wy al earder melden hawwe SDS 1 en 2 tegeare in feessie as ôfslúting fan it seizoen. Wy meie no offisjeel melde dat dit freed 28 maaie hâlden wurdt en dat der tennisse wurde sil en barbecuet. Jûn wurdt der noch fergadere dus it kin noch wol hiel oars. Hâldt de swimbroek dus strutsen!

De Freonen fan SDS
It giet sa moai as wat mei de nije edysje fan “De Freonen fan SDS”. Juster binne wy begûn en wy hawwe no alwer nije “freonen” binnen. Bliuw sy ús mailen. Kommende wike kinne jimme diel 2 hjir fine. Mail jimme “freon” nei
info@vv-sds.nl