Wepperkes (tiisdei)

SDS wint krekt fan Ouwe Syl
19 april 2004
SDS League: De ideale elf
21 april 2004

In dochter!
Spiler fan SDS 2 Frank Rypma hat tegeare mei syn frou Sieuwke in lytse poppe krigen. Sy hawwe in dochter krigen. Hoe ’t se hyt witte wy noch net.

Mei de bus
Ek de supporters fan Be Quick Dokkum sjogge it hielendal sitten om mei de bus nei Easterein te kommen. Der is sels kâns dat der 2 bussen komme. Sjoch ris op hun website:
http://www.bequickdokkum.nl/
Hjir wurdt ek wol dúdlik dat Be Quick ôfrûne sneon in soad lok hân hat yn hun wedstriid tsjin WTOC.

Skore

Jappie Wijnia, de eardere spits fan SDS 1, is tsjintwurdich doelman. Dochs kin hy it net litte om sa no en dan ris mei nei foaren te gean. By SDS 2 koe hy krekt net skore, mar by SDS 3 skoorde hy sneon wol. It sil wol in kopbal west hawwe.

 

Opwaarmje

It is algemien bekind dat de spilers fan SDS 5 fan in goeie opwaarmer hâlde. Foardat it sa fier is geane se harren omklaaien yn de boks. Dêr is it mei 13 man krap genôch, at elkenien syn tas útpakt. It hiene der ek 14 wêze kind, mar Eddy de Boer komt altiten efkes letter, sûnder tas, mar mei it tenue fan  SDS al oan. al oan. Utsein it sjurtsje dat krijt yn de boks oanrikt. (der wurdt wolris sein dat hy holpen wurdt mei it oandwaan fan it sjurtsje, mar dat is net wier)

De spilers fan SDS 5 kamen sneon ien foar ien op it sportpark en flokten en skolden op de lju út Ryptsjerk, omdat se fuort gien wiene. De tas koe wol ticht bliuwe.

Der wie ien dy’t him thús fansels al oan it omklaaien wie: Eddy de Boer. Omdat it prachtich waar wie, die hy dat yn de tún. Us

papparatsi fotograaf (net Meinte) makke efkes in kykje fanôf it fjild.

Omdat Eddy him hielendal foar neat omklaaid hie, wiene de oare spilers ree om efkes in traininkje mei him ôf te wurkjen. Hat er dit jier dochs noch ien kear traind: ús kluptopskoorder.

 

SDS 5 ferslach

Ek al wurdt er net fuotballe, dochs is der in ferslach. Dêr sille wol net folle goeie wurden yn stean oer Ryptsjerk 3 fuotballers. Sjoch by senioren –SDS 5-

 

F2

Mei F2 giet it dit seizoen dat it slydjaget. Nei de winterstop hawwe se alle wedstriden wûn. Ofrûne wike seagen wy efkes op de training. Klaas Visser fertelt hoe’t wol en net moat.

 

In echte supporter
Wêr fine je se noch: de echte supporter. De man dy’t fia Baard, Winsum, Iens en Wommels nei Easterein rint om it earste te sjen. En dy’t nei de tiid fia Itens en Britswert wer nei Mantgum werom rint. Goed dien Oebele.

In kaart foar Klaas
Ferlit it net om Klaas Malda efkes in kaart te stjoeren!! Sjoch foar it adres by de wepperkes fan moandei.

SDS 3 kampioen?
Grutte konkurrint foar de titel by SDS 3 yn ‘e kompetysje is Mulier 2. It komt moai út dat no krekt sy ôfrûne sneon ferlern hawwe fan Frentsjer 3. At SDS 3 no sneon fan Frentsjer 3 wint dan makket SDS 3 goeie kâns om lykas SDS 2 (en5?) kampioen te wurden.