Wepperkes -tiisdei-

Freez.it nije websidesponser!
18 december 2006
SDS League: Ruurd pakt op ‘e nij de wykpriis!
19 december 2006

Futsal 2 thús tsjin Birdaard
Woansdeitejûn (20.30 oere) komme de futsallers fan SDS 2 wer yn aksje. Dirk Yde sjocht foarút.
De wedstriid
Mei dizze wedstriid stiet de twadde helte fan it seizoen fan ’e kompetysje op it punt fan begjinnen. De earste wedstriid fan dizze kompetysje waard ferspile tsjin de mannen út Birdaard. Doe waard it in simpele oerwinning foar SDS.
In blik op’e ranglist docht bliken dat SDS sûnt ferline wike koprinner is mei 18 punten út 8 wedstriden. FC Birdaard stiet mominteel op it 7e plak mei mar 6 punten út 7 wedstriden.

SDS League
De nije stan is opmakke. Jun kinne jim de nije stan hjir besjen.

Krystfutsal
Der docht ek wer in ploegje SDS’ers mei oan it Krysttoernoai yn Frentsjer. Moarn kinne jim der mear oer lêze.

Doelpuntenmakkers futsal 2
Ek fan Dirk Yde krigen wij it oersjoch fan doelpuntenmakkers oant no ta.

  Totaal
Dirk-Yde 28
Skelte 21 
Tseard H. 4
Pieter 3
Hendrik 3
Tjeerd B. 2
Sjoerd R. 2
Feite 1
Marten 1
Harm-Auke 1
Eigen goal 1
Sjoerd van B. 0
Floris 0
Goals: 67

Tsjipke Klaas oan kop
Fan Marcel Frankena krigen wij it oersicht fan it trainingsklassemint oant no ta. 

Tsjipke Klaas Okkema 105
Jacob-Klaas Haitsma 103
Dirk-Yde Sjaarda 101
Harm Stremler 95
Tsjeard Halbersma 92
Henk Postma 92
Hendrik Jong, de 87
Tjalling Sikma 81
Skelte Anema 63
Anne Stenekers 59
Johannes Tichelman 59
Floris Hiemstra 58
Marten Faber 47
Erik Haitsma 46
Geert Dijkstra 35
Jaap Toering 34
Robert Sybesma 23

Tafelfuotbal

Wolle jim meidwaan oan it tafelfuotbal, dan is it needsaaklik dat jim jim opjouwe. Opjaan kin op
dit adres of bij Aant of bij Fred.
Opjaan kin per team fan twa persoanen. Der kinne noch wol wat teams bij. Fan SDS 3 en SDS 2 hawwe wij bygelyks noch gjin oanmeldingen. Tongersdeitejûn om 20.00 giet it los.
Om 21.30 begjinne wij dan mei de kwis.

Sterk Door Samenspel
Fred Scheltema tipt ús: Yn it oktober nummer fan it fuotbalbled “Nummer 14” stiet in interview mei Willem van Hanegem. Willem is ûntefreden oer it Nederlanske fuotbal fan tsjintwurdich. De fraach oan de Kromme is dan: 
Is het tij nog te keren?
Willem:
Volgens mij wel. Ik verbeeld mij niks maar het moet toch mogelijk zijn de jongens weer aan het voetballen te krijgen? Ik zat laatst in de auto te denken hoeveel voetbalverenigingen  er niet zijn waarvan de naam te maken heeft met de basis van het spelletje en dat is simpel: samenspelen. Afkortingen als SDS, Sterk Door Samenspel of wat dan ook. Wij combineren niet meer.
En sa mekkert Willem in pear pagina’s troch. Is it troch it pakje shag dat de Kromme ea kocht yn de saak fan Jan Spar dat hij de ôfkoarting SDS kin?
Wy hawwe al efkes by Jan Spar ynformeare mar hy tinkt al dat dit sa is. Jelle de Boer moat der mear fan witte. De famylje Van Hanegem kampeerde wolris by him yn de eftertún. Miskien wit Jelle de Boer ús hjir mear oer te fertellen? Mail it nei
dit adres.

Spesjaal foar Klaas
Dit stripke is spesjaal foar Klaas Okkema en al dy oare Feyenoordsupporters dy ’t it net echt op dy klup út 020 stean hawwe(klik
hjir).

Harsens derby(42)!!
Mei de âldsjes hawwe je mar rekken te halden. Hjir in freonskiplike wedstryd tusken âld-Ingelan en âld-Dútslan. Maurizio Gaudino(klinkt aardich dúts..) komt op ‘e kofje by Maurice Johnson(klik
hjir).