Freez.it nije websidesponser!

SDS-sjaal
17 december 2006
Wepperkes -tiisdei-
19 december 2006



Sa ’t jim de ôfrûne twa wiken wol sjoen hawwe hawwe wy in nije ynternetsponser. It giet om it nije bedriuw fan Wouter Jorritsma(foarhinne Wommels); Freez.it.

Wouter Jorritsma hat yn 2002 ús webside bout en wy binne dêr noch altiten tige wiis mei. Dit wie foar ús dan ek in reden om mei Wouter syn nije bedriuw yn see te gean. De webside wurdt no hosten by Freez.it.

Freez.it is noch in jonge ûndernieming en sit yn Boalsert(Marne 34). It bedriuw is mei namme spesjaliseare yn kantoarautomatisering en ynternettsjinsten foar lytse en middelgrutte bedriuwen en ynstellings yn noord-Nederlân.

Besjoch hjir de webside fan Freez.it.