Wepperkes -moandei-
15 januari 2007Wepperkes -woansdei-
16 januari 200730 of 31
Bij sommige minsken sjogge je perfoarst net hoe âld se binne. Je sitte der dan soms samar in jier neist. Dat is ek it gefal mei Willem Wijnia. Hast altiten yn de koarte broek en yn sjurtsjes fan syn favorite spilers, dat klaait in stik jonger. Je soene sizze dy is noch lang gjin 31. Wij krigen dan ek in kreaze fotokollage binnen fan Willem dy’t woansdei jierdei is. In kollaazje omdat hij der noch mar 30 útsjocht. Wolle jim him lokwinskje dan kin dat hjir
Ôflast?(1)
SDS 1 hat net traind fannejûn. Ús bron(Dirk-Yde) hie fan syn bron(Marcel F.) fernaam dat it fjild blank stie.
Ôflast(2)
Ek wat SDS 2 oangie wie it trainen jûn ôflast. Neffens ús bron(Gert-Jan) sakke hy oan ’t de knibbels ta yn it wetter op it trainingsfjild.
Oflast (3)
Ek SDS 3 giet net trainen. It is te wiet(bron Wichard en Jappie).
Van Gaal
Mochten der noch fans fan van Gaal wêze bij SDS, dan sil dêr mei yngong fan hjoed in ein oan komme kinne. Harkje nei dit interfjoe foar Langs de Lijn. Wat in kwal!!
Oprop foar PvdA
Moandei stie der in grutte adfertinsje yn de krante om Anita Andriessen te stypjen bij de kommende ferkiezingen. Allegear bekinde Friezen, lykas Foppe de Haan, Piter Wilkens en Leny it Hart hiene dizze petysje ûndertekene. Mar der stie ek in SDS-er bij: Jelle de Boer, greidefûgelleafhawwer op Skrok.
Futsal (1)
Woansdei om 20.30 oere is der wer futsal yn de sporthal. SDS 1 spilet thús tsjin ZVF.
Futsal (2)
Op ‘e Jouwer is woansdeitejûn ek in wedstryd: Haskerland 1 tsjin SDS 2. Dat begjin om 21.00 oere. SDS begjint op de Stuit.
The Spion Kop
Sjoerd van Beem kaam in prachtich filmke tsjin op it ynternet oer de beroemde steantribune the Spion Kop fan Liverpool. Dizze is spesjaal foar Freddy Scheltema en al dy oare Liverpool-fans by SDS(klik hjir).
Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl of sds-nijs@planet.nl!