Tom, Pieter & the Heartbreakers pakke wykpriis!
17 oktober 2006Wepperkes -woansdei-
17 oktober 2006Hast topskoorder
Tsjalling Sikma hat dit jier al 6 kear in doelpunt makke yn de kompetysje. Dêrmei nimt hij it tredde plak yn op de totale list fan de twadde klasse K. Sjoch hjir foar alle doelpuntenmakkers.
Hielendal topskoorder
Bij SDS hat Wichard Deinum yn twadde wiken de kopposysje oernommen fan Ype Tiemersma. Ferline wike 4 en sneon 3 soarget er foar dat hij in flinke sprong makket. Sjoch hjir foar de totale list.
Futsal
Dizze wike is der net folle fuotbaljen mar der wurdt fansels al sealfuotballe. Moarntejûn spilet SDS 1 om 20.00 thús tsjin ONR út Roden.
SDS 2 spilet om 21.00 út tsjin Ens 1.
Yngroeide teanneil
Meinte Wesselius hat in goeie tip foar Arjan Posthumus en syn yngroeide teanneil. Sa te lêzen hat Meinte der ferstân fan:
Ik tink dat de dokter it ek ris fan de oare kant besjen moat. As Arjen syn neil yngroeid is, hoecht der him dochs net earder wer te knippen, oant dat der oan de oare kant wer útkomt, is net sa? De kâns is lykwols grut dat ‘er yn de teannen smoart, dat ik soe sizze: gewoan negeare!
groetnis, Meinte
Kenniskwis
De earder fêststelde data foar de kenniskwis steane ûnder grutte druk troch in thúswedstryd fan SC Heerenveen en troch in optreden fan Venice.
Wij geane yn berie oer nije data mar freegje noch altiten potensjele dielimmers om sich op te jaan. bij Aant.
Amateurfuotbalspul
Hij sil wol tocht ha, at ik oeral oan meidoch dan sit er fêst wol earne in wyksukseske yn. Bij it amateurvoetbalspel yn de regio Frjentsjer hie in SDS-er dizze wike de tredde priis. De priis wie in fergees abonnemint op de Franeker Courant, dy’t woansdeis hús oan hús ferspraad wurdt yn Wommels.
Ek bij Wijd en Zijd dogge twa SDS-ers mei. At sij goed presteare sille wij dêr melding fan meitsje.
WK fjild
It sportfjild yn Wommels, wêr’t dizze simmer it iepen WK regelmjittich holden waard, is de ôfûne wiken aardich oer de kop gien. It fjild moat fansels wol op tiid ynsiedde wurde want de Freulepartij kin hjir net sûnder, sa meldt freuledei.nl.
Harsens derby(4)
Dat Materazzi net ynkassere kin witte wy sûnt it ôfrûne WK. Dat hy net bekend stiet om syn fuotbaljende kwaliteiten witte wy ek. Dochs makket hy soms best in moaie goal(klik hjir).