Wepperkes -tiisdei-

Dennis nei Vitesse?
2 juli 2007
Bekeryndielingen 2007/2008
4 juli 2007

Futsal beker
De bekeryndielingen foar de futsalteams binne ek rûn. SDS 1 en 2 dogge beide mei oan de beker. Harren poules sjogge der sa út:
Haskerland 1
De Griffioen 1
SDS 1
Futsal Heerenveen 2

RES 1
SDS 2
ZVF 1
Futsalclub Leeuwarden 2
Sjoch
hjir foar de hiele lotting.

WK
Yn Wommels wurdt jûn wer fuotballe. Wa ’t meidwaan wol moat om 19.30 op it fuotbalfjild wêze.

25 jier yn de lange hier(1)

Juster, moandei 2 july wiene Stoffel en Tine 25 jier yn de lange hier. Sij hawwe dat op paste wize fierd mei famylje en goeie kunde. Fansels winskje wij harren noch in protte goeie jierren mei elkoar ta.  En om ús Fryske taal ek noch wat yn eare te hâlden  noch efkes in pear tapaslike siswizen:
It boask hat krekt sa goed syn útfallen as it bargeslachtsjen.

Der heart mear ta in boask as fjouwer neakene billen.

De iene boakset om de goede dagen en de oare om de goeie nachten, sei de faam.

Boaskjen is gjin ienmanswurk

25 jier yn de lange hier(2)

Dit moaie rymke stie op de útnoeging fan Stoffel en Tine:
25 jier, de tiid giet hurd
Sa boartsje se, no binne de bern al grut
Sa no en dan in ‘opflieger’
en in pûn as wat te swier
Wat is dat no noch, 25 jier.

Fersierde fyts

De hiele maiitiid hat er der oanwurke. In Eastereinder dy’t yn Wommels wennet en sa graach mei syn fersierde fyts yn de optocht fan Easterein meifytse of rinne woe. Helaas mocht dat net. Dêrom toane wij dizze tige bysûndere op natoerlike wize fersierde fyts.

Fan herte lokwinske!
Freddy Scheltema is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Horekakeatse
Kommende sneon is der horekakeatsen yn Ljouwert. Soks wurdt holden op it Saailân en dit toernooi stiet heech oanskreaun. Wij hiene ferwachte dat it oan no ta tige suksesfolle trio Anema, Toering en Sikma ( 2 earsten yn Bitgum) wol meidwaan soe. Lykwols it partoer is om ûnbegryplike redenen útelkoar fallen en Anema hat syn heil no socht bij Sijbesma en Okkema (of te wol Robert en Tsjipke Klaas).

Fan alle merken thús……
Skiedsrjochters moatte fan alle merken thús wêze. Sy binne tagelyk liedsman, maatskaplik wurker, dokter, de baas en noch folle mear as sy in wedstryd liede. Skelte Anema tipte ús oer dit hilaryske filmke(klik
hjir).

Maradona of Pele?
Wa wie de beste fuotballer fan de foarige ieuw? De measten komme út by Diego Maradona en Pele. Oan jim de kar wa ’t no echt de beste wie fan de 2(klik
hjir).

U2 Faraway so close
De bybliotheek yn Wommels hier ferline wike wer útferkeap. Wij koene it boek U2 Faraway so close bemachtigje. Wij hawwe it hast út en stelle it graach beskikber oan in echte U2 fan, dy’t dit boek noch mist yn de samling. Mail
ús.