Wepperkes -sneontemiddei-

Opstellingen SDS 1 en 2.
16 april 2004
SDS2 kampioen
17 april 2004

Trije B junioren ferfange skiedsrjochters

It is sneons altiten ôfwachtsjen hoe’t komt mei de skiedsrjochters. Wol gauris lit de man dy’t om 9.15 oere B1 fluitsje moat it ôfwitte.

Sa ek op sneon 17 april. De man hie op tiid ôfsein, mar it berjocht hie SDS net berikt. Aant Hofstra, dy’t sels fynt dat hy it tempo fan F2 krekt byhâlde kin, moast de oerstap meitsje nei de B-s.

Geert Dijkstra, de B- spiler dy’t nei de A-s oergien is, mar de B-’s noch altiten mei grutte belangstelling folget, wie ree om F2 te fluitsjen. It wie syn debút.

Jan Strikwerda dy’t D-2 altiten fluitet, foel krekt foar de wedstriid út trochdat hy him ferstapte. Paul de Boer, de B- spiler dy’t krekt syn wedstriid wûn hie, naam de fluit oer en makke ek syn debút.

By D3 soe Jeroen Brouwer fluitsje, hy hie oare ferplichtings en de ferfanger wie  Pytrik Hiemstra, ek al in B spiler, fluite ek foar it earst. Komplimenten foar dizze 3 jongeren foar dizze positive ynstelling.

Peaskemoandei
SDS 2 moast Peaskemoandei thús tsjin Flevo Boys. Dit paste fansels hielendal net omdat de measte spilers nei Aaipop woenen. De spilers fan Flevo Boys út Emmeloard hienen noch noait fan Aaipop heard. Hjir is nei ôfrûne moandei feroaring yn kommen. Foar de wedstriid en nei de besprekking fan de coaches fan SDS 2 kaam de radio oan op folle sterkte. De musyk fan Strawelte galmde troch de boksen om de spilers dochs in bytsje it Aaipop-gefoel te jaan. Foar de grinsrjochter (en âldere jongere) Appie kaam André Hazes ek noch efkes foarby. Flevo Boys wol foartaan elk jier wol op Peaskemoandei tsjin SDS 2 fuotbalje. Mei de kop al yn Nijlân ferlear SDS 2 mei 0-1.

Ferslach en foto’s SDS D2.
SDS D2 is forige wike sneon op Amelân west te fuotbaljen. Jimme kinne op ‘e nij in reisferslach en foto’s besjen ûnder junioren, SDS D2, wedstrijdverslagen.

Ynhelje
SDS 2 moat tiisdeitejûn fuotbalje yn Easterein tsjin Oeverzwaluwen. De wedstriid begjint om 19.00 oere. At SDS 2 hjoed de drege útwedstriid wint fan Balk dan kinne sy tiisdei kampioen wurde.