Wepperkes -sneon-

Sibe dreamt oer lifters
29 december 2006
Seleksjes Midwintercup
29 december 2006

Jeugdtoernooien
De D-s, de E- en de F-kes hawwe juster yn de seal oan it futsallen west. Der wie in grutte opkomst fan de jeugdleden en wat langer de dei duorre wat mear âlders der ek wiene.

D-pupillen
Sij wiene moarns al om 9.00 dwaande yn 5 ploechjes.
Winner waard PSV (wat foarsitter Jappie tige oanstie) en twadde waard Ajax.

Twadde priis: Bram, Rico , Sjoerd, Jurjen, Gosse en Job.


Earste priis: Joost, Robert, Klaas Bouke, Christiaan en Jesse.

E-pupillen
Bij de E-pupillen wie der daverende ferrassing want SDS wist yn in fjild fan tsjinstanners as Liverpool, Arsenal, Manchester United en Chelsea de earste priis te heljen. Twadde waard Arsenal.
2de priis: Foeke, Doede, Bauke, Remon en Bote
1ste priis: Jacco, Pieter, Stefan, Casper

F-pupillen


KNVB toernooien
De standert teams fan SDS hawwe meidien oan de KNVB toernooien. Wij hawwe begrepen dat se allegear ien kear wûn hawwe, ien kear gelyk spile hawwe en twa kear ferlern. Mei oare wurden: gjin finales yn Frjentsjer.
De A-junioren moatte sneon yn aksje komme yn Snits.

SDS’er derop út!
Fanmiddei steane hjir dan eindliks de foto’s fan Pieter Kamstra yn Berlyn.

Traine foar
Mei in “kâlde” wyn yn de snút en yn de rêch wie der freedtemoarn immen oan it trainen op it sportfjild. Dat kin hast net oars wêze as foar de nijjierrin op 6 jannewaris, tinke wij.

Soe hij de striid oangean wolle mei syn soannen?

Fytserekken
It is in keale boel op it parkearplak foar fytsen bij de Skoalleseize. Alle rekken binne fuorthelle. Dat betsjut dat der mear parkearromte foar auto’s is. Tagelyk betsjut dat ek dat wij de fyts net mear parkeare kinne en dus better mei de auto komme kinne. En neffens mij is der dan te min parkearromte. Frjemd! 
Wij ha begrepen dat it bestjoer fan de Skoalleseize hjir neat oan dwaan kin en hjir ek net echt gelokkich mei is.

De beste winsken
Fan de Skoalleseize krigen wij noch in berjochtje:
De Skoalleseize winsket alle huidige en takomstige gebrûkers fan de skoalleseize goede feestdagen en in lokkich nyjier. 
bestjoer stichting “de skoalleseize “

6 jannewaris 2007
Foar wa’t it noch net wit. Dizze dei is der allegear aktiviteit op en rûnom de Skoalleseize.
14.00 oere begjint it mei draven (kom op tiid)
15.00 oere snert ite
15.30 Nijjierresepsje
16.00 Petje op petje af
16.15 Finale kenniskwis
 
Fiskje
Bij SDS binne in oantal fanatike fiskers. Wij begrepen net wat se der oan fine. …oant wij dizze foto seagen.
De Cauberg
Dizze simmer is der in moaie ploech SDS-ers nei de Cauberg west. Wij hawwe dêr moai wat foto’s fan sjen kind. It docht no bliken dat er ek noch wat
filmmateriaal is mei kommentaar. Dat woene se ús efterhâlde. Dat is dus net slagge. Sjoch hoe’t Dirk Yde ûnsnapt, Samme it tsjil pakt, Anne stil stiet en Robert ûntketene is.

Nijs
Hawwe jim nijs, leuke tips en oars wat mail it nei
ús adres.