Wepperkes -sneon-

Utslaggen 11 maart 2006
10 maart 2006
Wepperkes -snein-
11 maart 2006

Tige slagge jûn mei Fritz Korbach
De sponserkommisje hat freedtejûn in tige slagge jûn hân mei as sprekker Fritz Korbach. Henk Bootsma, ien fan de sponsoren hat fansels ek in oantal foto’s makke dy’t jim
hjir sjen kinne.
Klik op de foto om originele grootte te bekijken 

Utspraken Korbach
Korbach stiet bekind om syn eigen taaltsje. Yn Easterein kamen neist in protte krachttermen ek in oantal leuke útspraken út syn mûle.

  • Papegaaiensoep   – in konjakje
  • In Telegraaf fan sneon yn de broek – at fan Swieten fluite
  • rot jij er toch lekker uit – oankundigje fan in wiksel
  • de sfear in de stemming houden –
  • twee nijlpaarden – froulike plysjes
  • te lui om brand te roepen in eigen huis
  • te vroeg de lucht ingeschoten – dea gean
  • brievenbus in de rug geschoten – ontslag
  • vliegenmepper – Aldo Swager, doelman sc Heerenveen
  • had geroeid – stelle yn de klaaikeamer
  • zwaar positief in de war – gekjeijer

Witte muizen, rode staarten
It boek fan Fritz Korbach, “Witte muizen, rode staarten”, is dreech te krijen. Op dit momint is ‘ie  alwer te krijen op Marktplaats. Foar €5,- kinne je it krije. Sjoch
hjir mar. Neffens Fritz Korbach sels is it in bestseller. It boek hat neffens him skoften it ien nei beste ferkochte fuotbalboek west(nei in boek fan Johan Cruijff). Der binne úteinlik sa ’n 7000 stiks fan ferkocht.

Spulrigelwedstryd


De fjouwer jonges fan A1 hawwe juster yn Emmen de twadde priis helle bij de spulrigelwedstryd yn Emmen. Letter mear hjir oer.

Oflast
At it fuotbal ôflast wurdt, dan is dat foar de echte leafhawwer ferfelend. Noch ferfelender is it at je earne hinne reizgje en op it plak hearre moatte dat it ôflast is. Dat oerkaam SDS A-2. Sij reizgen nei Snits, seagen bij WZS gjin minsken, waarden trochferwiisd nei Sneek, omdat de jeugd dêr spylje soe mar dêr wisten se ek fan neat. Echt balen dus foar lieders en spilers.

Op Eurosport
Wij krigen in unike foto út Oslo binnen, dy’t wij moarn op dizze side sette sille. In SDS-er op Eurosport?

Letter mear!