SDS League: 3 koprinners!
10 februari 2006Utslaggen 11-2-2006
11 februari 2006Alles giet troch
Fanmoarn binne de fjilden yn Easterein keurd. Feike Jorritsma lit ús witte dat de fjilden der goed by lizze en dat de wedstriden yn Easterein dus gewoan troch gean kinne. Kom dus hjoed allegear nei de Skoalleseize!
Gryp firus slacht
De wedstryd tusken SDS A2 en JV Bolsward A2 is al ôflast. De Boalserters hienen tefolle sike spilers.
Ek C1 treed net oan tsjin Nijlân want ek dêr wiene te folle siken.
SDS 5 kin ek net ôfreizgje nei Frjentsjer, want der binne te min minsken dy yn steat binne te fuotbaljen.
Hoe sit it no krekt?
Yn april begjinne de play-offs yn de eare defysje. Der wie tongersdeitejûn yn de kantine nimmen dy’t krekt fertelle koe hoe’t it no siet mei de play offs. It docht bliken dat je soks ek net maklik fertelle kinne at je net wiskunde B hawwe. Foar de leafhawwer jouwe wij it skema.
Tsjinoer Aldo Swager
It wienen yn 1992 Douwe-Dirk Reitsma en Wouter Hylkema dy ’t it lêste kertier fan de oefenwedstryd fan SDS 1 tsjin SC Heerenveen tsjinoer Aldo Swager as spits kamen te stean. Swager hat net folle yndruk makke op Douwe-Dirk. Dit wie syn antwurd op de fraach as hy der noch wat fan wist:
Ik tink dat it Wouter en ik wienen. Mar it seit my net sa ‘n soat meer.
Gr
ddr
Formulieren
It giet goed mei it ynleverjen fan de formulieren. Sa’n 25 % is al binnen. Wij roppe elkenien op dy’t it noch net ynlevere hat om it sa gau mooglik te dwaan. Dat kin Bij Eddy (Skippersbuorren) en Aant (Swingoerd)
Leuk
In oantal jeugdige SDS-ers dy treffe it mar. Sij sitte op de leukste skoalle fan Nederlân. Alteast neffens radio 538. It Friesch Dagblad berjochtet hjir ek oer.
Ophâlde
It is dus al wer 11 jier lyn dat Philippus Hingst stoppe mei fuotbal. Hij wie doe noch fit, mar woe ek noch wat oare sporten útoefenje, lykas ride, fytse en rinne.
No is hij 61 en stoppet er mei wurkjen. Sa hat er noch mear tiid om te rinnen en te fytsen. Spitich foar him dat it aaisykjen net mear kin. Of giet er no ek jeu de boulen?
No al kening
Simmers besykje in protte keatsers prizen te winnen, mei de krânse thús te kommen en at it efkes mooglik is om kening te wurden. Winters traine se dêr meast foar. Dirk Yde Sjaarda slagge der sels yn om yn dizze keatsleaze perioade in keningstitel binnen te heljen. Sjoch hjir.
Fan herte lokwinske!
As jimme se hjoed sjogge dan moatte jim se efkes in hân jaan. Dizze 2 SDS’ers binne hjoed jierdei:
Broer Jacob Greidanus en Hendrik Okkema.
Letter mear!