Wepperkes -sneon-

Winterprogramma SDS 3
7 december 2007
Wepperkes -snein-
8 december 2007

AVC 1 – SDS 1
De fjilden steane oeral blank, dus ek yn Seisbierrum. SDS 1 oefent dêr fannemiddei net.

Hurddrave
Juster melden wy dat de A- en B-seleksje tongersdeitejûn draaft hawwe. Neffens fersoarger Dooitze Nauta dienen wy yn dat stikje inkelde minsken tekoart:
Mooi ferhaal hast skreaun oer it hurddraven, mar do dochst in pear mannen tekoart. Bygelyks Jaap Toering, hy wûn mei in grutte oermacht op it peloton de tuskensprint yn Wommels. Fjirders djip respect foar de trainers, Marcel
en Gert Jan binne beide yn waer en wyn mei de groep meikoerst op de fyts. It wie striemin waer, en dat jo dan dochs de jonges coache wolle docht ús allegear tige goed. Iksels moast yn de auto nei Wommels, as biezemwein.
Lokkich gjin útfallers.
Dooitze

Twadde
En wij mar tinke dat Joop Zoetemelk allinne it patint hie op in twadde plakje. Wij witte dat Teake Kooistra sa’n 30 kear klupkampioen west hat bij it Fryskdamjen yn Hartwert. Wat de measten miskien net witte is dat Stoffel sán 20 kear twadde west hat. At dy net in hekel oan Teake hat dan witte wij it ek net mear.

It swimbad
Op dizze fuotballeaze sneon sjogge wij efkes werom op it WK fan 1974. In moaie weromblik fan Studio Spaan mei prachtige bylden en mei mear dúdlikheid oer de rol fan it swimbad. Sjoch
hjir diel 1.
Moarn kinne jim diel 2 besjen.

SDS League
Dit wykein koe wolris in nachtmerry wurde foar de nûmer 1 yn de SDS League; Eastender Nightmares. Dit team fan Sybren Wijnia die it mei nammen sa goed docht om ’t sy Gomes(PSV) op goal stean hawwe. Nei de 4 tsjingoals fan juster tsjin Roda JC begjint it wykein dus net sa goed.

Jaap Stam
Fan de webmaster fan VV Nijland(Jappie de Boer) krigen wy de folgende tip. Hy kaam op it ynternet in filmke tsjin fan Eddy de Boer(familie fan Jappie?). Foar him geane alle doaren iepen by Ajax. Hy liket dan ek as 2 druppels wetter op Jaap Stam(klik
hjir).

Kwis
As je dan dochs net hoefe te fuotbaljen dan kinne je op sa ’n sneon moai efkes meidwaan oan in kwiske. Op de webside fan de VI is wer in aardige kwis te finen. Wy binne benijd nei jim antwurden. Klik
hjir om de kwis te dwaan dy ’t hielendal giet oer de Primera Division.

Mei it buord op skoat?
As it oan de kommersje leit dan kinne wy yn de takomst net mear sneintejûns om 19.00 de gearfettingen fan it eredivisie-fuotbaljen op tillevysje sjen. Dan komt alles efter de decoder en miskien komt der dan om 23.00 fan alle wedstriden noch in gearfetting fan net mear as 2 minuten. Hjir komt hieltiten mear protest tsjin. Jim kinne no hjir jim stem heare litte(klik hjir).

Hawwe jim nijs, kommintaar, opmerkings, oanmerkings, iets wat jim fan it hert moat, tips wat hjoed te dwaan, rektifikaasjes, iets aardichs, mail it nei dizze adressen.