Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
7 december 2007
Winterprogramma SDS 1
9 december 2007

Klaverjasse

De activiteitenkommisje makke bekind dat er op 22 desimber 2007 klaverjassen is yn de kantine. It is bedoeld foar leden, stipers,sponsoren en oare frijwilligers fan SDS. It begjint 15.00 oere. Publyk is wolkom.

Snertrace

Ek fan de aktiviteitenkommisje krije wij troch dat er op sneon 5 jannewaris wer in snertrace is. Wij fine dat net ien misse mei ek al omdat Bruce Springsteen song dat wij
“berne binne om te draven”.
Fanôf de A-junioaren kin eltsenien wa’t in bining hat mei SDS hjir oan meidwaan. De oanfang sil wêze  om 14.00 oere  by de yngong fan de Skoalleseize. Nei ôfrin is der foar de dielnimmers in lekkere kop snert yn de kantine.
Wy rekkenje krekt like as ferline jier op in grutte opkomst.

Winterprogramma SDS 1
SDS 1 traint noch oan ’t en mei 18 desimber en hâldt der dan efkes mei op om begjin 2008 wer te begjinnen. Trainer Marcel Frankena hat in winterprogramma gearstald. Klik hjir om it te besjen.


D1 yn aksje
De spilers (en lieders) fan D1 troffen it sneon. Sij mochten wol yn aksje komme. It sealtoernooi mei Easterlittens waard spile yn de Greidhoeke. In pear bylden.

Sealtraine

DAG TEAM DATUM TIJD TRAINERS
Maandag C1 10-dec 17.00 Durk De Jong
Donderdag D2 13-dec 17.00 Andre Vink
Vrijdag D1 14-dec 17.00 Tsjipke K. Okkema

No al fêststeld

De wedstryd lieder fan de KNVB is al hiel dúdlik oer de ôflaste wedstriden fan dit wykein. Op 26 en 27 jannewaris wurdt alles op nij fêststeld.

DVD presintaasje
No’t seker is dat sc Heerenveen- Groningen net streekrjocht útstjoerd wurdt, sil Jimbar om 17.00 oere iepen gean en sil de DVD Easterein-Wommels draaid wurde at de supporters fan sc Hearrenfean it feestgedruis yn it Fean ferlitten hawwe nei in oerwinning en oankommen binne yn Wommels.

WK 1974
Juster koene jim diel 1 sjen fan 1974. Hjoed kinne jim yn in minút as 6
it twadde diel sjen. Oer spilersfrouen, oer it swimmen en it ferlies.

Hawwe jim nijs, kommintaar, opmerkings, oanmerkings, iets wat jim fan it hert moat, tips wat hjoed te dwaan, rektifikaasjes, iets aardichs, mail it nei
dizze adressen.