Wepperkes -sneon-

Seleksjes foar sneon.
16 september 2005
Utslaggen 17 septimber
17 september 2005

SDS-ers bij pearkekeatsen suksesfol
De jonges hawwe it keatsen ek ôfsluten. Dat hawwe se dyn mei pearkekeatsen. It docht bliken dat twa SDS-ers skynber talint hawwe om it perk mei in frommiske te dielen. Want Feiko en Eeltsje, spilers fan SDS A1 en SDS B1 kamen mei de krâns thús. Sjoch foar de foto
hjir.

Dyk ôfslúten
De dyk tusken Deinum en Goutum is moarn ôfslúten. Klik hjir om te sjen hoe ’t jim it best yn of om Ljouwert komme kinne.

Voorbeschouwing www.topamateurvoetbal.nl
SDS – Oranje Nassau
Het lijkt een beetje op klein duimpje tegen de grote reus, deze wedstrijd. SDS verloor twee keer en wist nog geen doelpunt te maken. Oranje Nassau won twee keer en kreeg nog geen doelpunt tegen. Het zal afgaande op deze resultaten weer een moeilijke klus worden voor de enthousiaste club uit Oosterend. het speldbeeld is eenvoudig te voorspellen. SDS zal vanaf minuut één de verdedigende stellingen betrekken, die verlieten ze zelfs na een vroege tegengoal tegen Staphorst niet eens) en Oranje Nassau zal het spel moeten maken. Veel zal afhangen van de Groninger voorwaartsen. Als die op scherp staan, is er geen houden aan voor SDS, maar is dat niet het geval: dan mag voetbalminnend Oosterend hopen op een stuntje.

SDS League
De nije stân fan de SDS-League is bekend. Der dogge 65 minsken mei. Dat is noch net iens sa gek. Foarig jier begienen wy mei 72 dielnimmers. Wy hoopje allinne nei de winterstop al wer wat mear dielnimmers te hawwen. Om ’t der no wat minder dielnimmers binne is de priisferdieling ek iets oars kommen. De priis fan 6-10 binne kommen te ferfallen. Fansels kriget de wykpriiswinner noch altiten €12,-. Hjoed kinne jim yn de kantine de nije stân fan de SDS-League besjen. Snein komt der op ynternet.

Stiet net
SDS hat prachtige Coachjassen. It moat al raar wêze dat dy immen net goed stiet.
Ofrûne tongersdeitejûn reinde it hûnen en katten. It wie sels Willem Wijnia te bot. Sa as gewoan wie hij sûnder jas yn Easterein. Dochs koe hij der net ûnderút om ek mar in jas oan te dwaan. Lokkich hong der in Coach-jas. Wol wat oan de grutte kant mar in wie wol de rêding.
Sneon moast de jas werom. Dêrom koene wij sneon tsjûge wêze fan it feit dat Willem mei in jas oan yn Easterein kaam. Dêrmei waard ek dúdlik dat de Coach-jas sommigen perfoarst net stiet.

Nijs?
Mail nei info@vv-sds.nl