Snie-wepperkes
4 maart 2005Wepperkes -snein-
6 maart 2005Ajax-AZ ôflast
In grotte teloarstelling foar de Ajaxfans. Hawwe se in moai dak op de Arena, dus gjin snie op it gers, wurdt it dochs noch ôflast. Efkes sjoen by wat reaksjes yn it lân en it docht bliken dat sommigen it echt net begripe
Hans Kooistra
Hans wol stomme graach te aaisykjen want it fuotbaljen leit dochs stil.Mar dan mar der wol ljippen weze. Bij gebrek oan echte ljippen hat er sels mar ien makke
(ynstjoerd troch Feike Jorritsma)
Op nei de Trije
SDS 1 en SDS2 sitte fan’e middei harren tiid net te fergriemen foar de tv om ts sjen hoe’t Jappanners, Amearikanen, Russen, EastDutsers en Kanadezen titels binnen helje. Sy geane te trainen yn de Trije. Tusken 3 en 5 oere.
Der is hast ien jierdei
Fan de famylje Kruijer út Grinslân krigen wy it folgende berjocht.
Sibe
Karin Sjaarda hat nei djipgeand speurwurk ûntdutsen werom Sibe in oantal moannen net skreaun hat foar de Treffer. It docht bliken dat hy in goeie fraach by de ferkearde persoan steld hat. Tja en dan krije je sokke reaksjes.
Nijs
Hawwe jim noch wat te melden oer it fuotbal, oer jim sels of oer de sniewille, doch dat dan nei aanthofstra@planet.nl. Ek winterfoto’s binne noch altiten wolkom.