Wepperkes -sneon-

Utslaggen sneon 24/2.
24 februari 2007
Wepperkes -snein-
25 februari 2007

Yn alle klasseminten

Ruurd Boorsma like de lêste wiken de strafskop spesjalist fan SDS. Ferline trije kear rekke en no krige hij ek wer twa kear de kâns. De twadde miste hij lykwols. Kommentaar fan Ruurd: “Ik wol at it kin yn alle klasseminten fan SDS”
Yn it Clarence Sluier klassemint hat hij yn alle gefallen plak nommen.
Miskien is it better om him de kommende wiken net bij it eigen doel fuotbalje te litten, want yn it Tikkie Terug Jaap klassemint stiet hij noch net!

Tas fuort
Sneon om 8 oare gong ik út de kantine. De tas dy lei der net mear. It is een tas van masita zwart mei wite strepen. Der sieten in pear foutbalskoan fan Puma yn at ik it goed he,  maat 43 e
n oare benodigdheden sa as skeenbeschermers van nike
Groeten Steffen Bruinsma

De helt fan de helt

Ferline wike waard de term “de helt fan de helt” bij SDS 5 yntroduseard. Lieder Klaas Okkema wie dêr net bliid mei. Yn Snits, op de Oosterdyk, adferteare se der lykwols al mei.

De Poiesz amer

Yn de kantine fan SDS stiet de amer foar de Poiesz dukaten. Jim kinne se dêr ynleverje of yn Skearnegoutum yn de winkel.

Noch mar in pear wiken
De kantine fan SDS wurdt foar it lêst brûkt op sneon 17 maart. De wike dêrop wurdt der ôfbrutsen. 

Nijs kinne jim trochjaan op
dit adres