Wepperkes -sneon-

Kwiswepperkes
19 november 2004
Wepperkes -snein-
21 november 2004

Futsal: SDS 1 út de beker.
SDS 1 hat juster mei 10-2 ferlern yn Winschoten fan haadklasser WSC. Neffens leider Willem Overal waard SDS by tiden fuortspile. De 10-2 wie allinne wat flateart. It hie ek 25-4 wêze kinnen. By rêst wie it 5-1 foar WSC. De 2 goals fan SDS waarden makke troch Peter Sybesma. De spilers fan WSC fûnen it ûnbegryplik dat de spilers fan SDS hielendal nei Winschoten kamen wylst sy der net iens foar betelle waarden troch de club(!?). Jan-Simon, Peter, Feite, Harm, Tsjipke, Anne, Skelte, Robert(as grinsrjochter mei) en Willem Overal hawwe der noch mar in noflike jûn fan makke en kamen dan ek pas midden yn ‘e nacht wer thús.

De pot wûn!
Wichard Deinum hat tongersdei de pot wûn mei it foarspellen fan de winner fan de 2e foarronde fan de Kenniskwis. Hy hie as ienige Kees Jansen tipt as winner en wint hjir de 20 euro mei dy ’t ynlein wie. Helaas wie Wichard de ienige dy ’t jild ynlein hie dus dy 20 euro bliuwt yn syn eigen beurs. Foar de folgende ronde moate wy mar efkes in “pool” opsette.

Gjin wipper!
Tongersdeitejûn bruts der efkes panyk út yn de fuotbalkantine. Net ien koe barkeeper Willem Twynstra oan in “dopper” helpe om de fleskes bier iepen te meitsjen. Lokkich genôch duorre dit net al te lang(klik hjir).

Oflast en bliid
It is wol hast seker dat der ien man juster in gat yn it dak fan de bus sprongen hat. Tjeerd Dijkstra ûnderweis nei Chelsea- Bolton Wanderers hoech as lieder de wedstriid fan B1 tsjn meikoprinner jv Bolsward net te missen. Sa sjogge je mar wer de iene dei liket it in ferkearde kar en de folgende dei kin it net better.

Oflast
In kwelling foar elke fuotballeafhawwer. Want no moatte der alternativen socht wurde. Yn de tún wurkje is gjin opsje mei dit waar, mei de frou nei de stêd wol. Foar swarte Pyt boartsje blykt no in goed alternatyf te wêzen. Wy binne dochs wol benijd wat jim plannen hjoed binne. Of hawwe jim noch tips. Mail it ús.
info@vv-sds.nl

Tip 1

Hjoed is der in jubileumdei fan
Loesje. Dat wurdt fierd yn Arnhem.  Je kinne mei dwaan oan wurkwinkels en in Loesje rintocht troch de stêd meitsje. Is dat jim te fier dan kinne jim de leukste útspraken ek lêze op harren side.

Tip 2
SDS 1 oefent tsjin Leeuwarder Zwaluwen. Dat dogge se yn Drachten om 2 oere op it fjild fan Drachten.

Tip 3
Foar de wedstriid SDS 1 tsjin Leeuwarder Zwaluwen spylje Nijlân en CVVO tsjin elkoar. Dizze wedstriid wurdt ek spile op it kuenstgersfjild fan Drachten en begjint om 12.00 oere. It fjild (en de bank) is dan moai waarm as SDS der op kin.

Tip 4
Sinterklaas komt oan yn Wommels. Wy witte hast wol seker dat Sjoerd van B. en Klaas M. dêrby wêze wolle. Wy soene graach in aksjefoto fan dizze twa donkere freonen ha wolle.

Tip 5
In goeie tip komt fan Rudy Dykstra. Op sa ’n reinige sneon kin je wolris efkes oan it kokkerellen. Op de webside www.sabetocht.nl
fine je yn ‘e rubryk fan Kees “Kulinair” Adema(SDS 1) de hearlikste gerechten. Yn syn rubryk Kees & Cooking fine je hjoed syn nijste tip oer garnalen.

Tip 6
In webside wêr ’t je de hiele dei wol mei ûnder de pannen wêze kinne is www.degoeieouwetijd.nl. Nee, hjir is neat te finen oer Corry en de Rekels of The Cats, mar wol alles oer de goeie âlde tiid fan Ajax. Op de webside kinne je fan alles besjen en belústerje. Ek foar de net Ajax-fans is dizze webside tige de muoite wurdich om ris te besykjen.

Tip 7
Al is it der miskien net al te moai waar foar, dochs is it foar inkelden miskien wat. Op ‘e crossfyts leuke kuenstkes úthelje sa as hjir.

Tip 8
Is it miskien leuk om op sa ’n reinige sneontemiddei mei syn allen te bowlen? It liket hjir wol leuk.

Tip 9
Je kinne útsykje wa as no neist Ruud Geels en Ronald Koeman no dy 3e man wie dy ’t sawol foar Ajax, PSV en Feyenoord fuotballe hat.
Oebele Anema komt mei Arie Haan as antwurd. Mochten jimme noch wat oars betinke mail it dan nei info@vv-sds.nl.

Wa levert de folgende tip?
Wa hat noch nijs?
info@vv-sds.nl