Kwiswepperkes

Alles ôflast!
19 november 2004
Wepperkes -sneon-
20 november 2004

Tongersdei 18 novimber wie de twadde foarronde fan de kwis: wa is de fuotbalprofessor fan SDS. Kandidaten wiene dizze jûn trije trainers: Kees Jansen (ferline trainer SDS no CSL) Lyckle Bleekveld (trainer SDS 1) en Klaas Okkema (eardere trainer fan û.o. Oudega en no trainer fan SDS 2). Freddy en Aant hiene de organisaasje fan dizze jûn.

 

Foarôf
It docht bliken dat de kenniskwis aardich libbet. Undanks it feit dat er hast gjin trainen wie, ûndernamen dochs in man as 25 de reis nei de kantine. Mei it waar derby al in hiele prestaasje. Ek Harm Bergsma wie oanwêzich en fertsjintwurdige mei Tinus Hoekstra de âlderen.

 

Fragen
Elkenien is dwaande mei de kwis sa docht bliken. Sels krekt foar it begjin fan de striid kaam der noch in aktuele SDS fraach binnen. Omdat Freddy syn fragen al klear hie, waard er in publyksfraach fan makke.

De fraach: Sipke Hiemstra krige, wylst it hûnen en katten reinde, om in oere as 7 in tillefoantsje fan immen dy’t frege at it trainen ek troch gie. Sipke moast oanjaan dat it eilaas net troch gean koe, want it fjild wie hast net mear te sjen troch al it wetter. Mei it smoar yn lei de fraachsteller de hoarn der op.

Wa wie it dy’t Sipke belle:

  1. Ype Burggraaaf
  2. Willem Tjalsma
  3. Eddy de Boer.

Je koene sjen dat it publyk it dreech hie mei dizze fraach want net ien fan trijen wurdt wolris sjoen op de training.
”Eddy de Boer,”rôp Tinus Hoekstra en it die bliken dat hy syn buorman dochs wol goed ken. De rest  fan de taskôgers seagen ferbaasd om harren hinne.

 

De net winner
Lyckle Bleekveld sette goed útein, mar like nei ronde ien (4 punten) al kondisjonele problemen te hawwen. Ronde 2 en 3 levere foar him noch mar 4 punten op. It is dúdlik dat wannear hy nei it fuotbal sjocht hy net folle let op nammen mar mear nei it fuotbal op sich sjocht. Neat mis mei, mar hy gie hjirtroch net nei de finale ronde.

 

De krekt-net winner
Klaas Okkema koe Lyckle krekt foar bliuwe yn de earste trije ronden. Hy wist de measte antwurden wol mar koe der net opkomme. Lit ús mar sizze dat de jierren begjinne te tellen. Of wie it de spanning om yn eigen doarp en eigen kantine in goeie prestaasje del te setten?

 

De winner

Kees Jansen wie net foar neat út Ljouwert kommen. Hy wist genôch om de oaren foar te bliuwen. Syn spesjaliteit wiene de seks-fuotbalfragen en fragen oer Cambuur. Omdat ek CSL in nijjiersresepsje hat op 8 jannewaris 2005 hat er der fan alles oan dien om Klaas winne te litten mar slagge dat net. De finale wûn hy de earmoedige sifers 2-1.

 

Helpline
At je oan kwissen mei dogge dan wit je dat de tillefoan efkes út moat.  Dat hoege je net te sizzen dat wit je. Ferbazing wie der doe’t der in fleurige toan út Kees syn bûse kaam, krekt op it momint dat Freddy in fraach stelde oan Kees.

“Een hulplijn” sei Kees snedich.
”Wat is it , a,b of c, “ frege hy oan de tige ferbaasde beller.

 

Neipeteare
Fansels wurdt er efkes ûnder it genot fan in fleske neipraten. En sa ûntsteane allegear lytse kwisrûntsjes. Ut de hoeke mei echte kenners kaam ek noch in fraach wêr’t sels alleswitter Fred it antwurd skuldich opbliuwe moast.
Welke trije spilers hawwe foar Feyenoord, Ajax en PSV spile?

Oer twa spilers wie men it gau iens mar de tredde wie nei tolven noch net bekind. Mooglik dat immen it no wol wit. Jim kinne maile nei info@vv-sds.nl

 

Flaterke
Ien fan de fragen oan Kees wie wat de namme fan it stadion fan Fortuna is. Kees moast it antwurd skuldich bliuwe en Freddy joech oan dat it “de Baandert” wie.

Neffens oantal kenners yn it publyk wie dat net goed.

It klop yndie net: it stadion fan Fortuna hyt: Wagner & Partners stadion . It is logysk dat je soks net witte want dat hat mear fan in adfokatenkantoor as fan in stadionnamme.

 

Kwismaster
Klaas Okkema frege nei ôfrin oan Fred at hy de fragen ek meikrije koe. Koe hy hjoed syn kollegas efkes ûnderfreegje tidens it snacken. Mooglik dat it minne waar der foar soarge hat dat se alle ronden ek yn de keet spile ha.

 

Folgende kwisjûn
Oer 2 wiken op 2 desimber is de lêste foarronde. Durk de Jong (at hy dan net yn it sikenhûs leit) Mark Postma en Durk Yde Sjaarda binne dan kandidaten.

Wy ferwachtsje ek dan wer in protte supporters