Wepperkes -sneon-

Seleksjes SDS 1,2,3 en 5.
12 november 2004
Útslaggen SDS 13 novimber
13 november 2004

Skuon
Sommige trainers kinne hun der nogal lilk om meitsje as spilers net goed mei de wedstriid bezig binne. Sa moatte je der foar soargje dat je foar de wedstriid alles by je hawwe en de fuotbalskuon moai poetst. By it 1e sealteam fan SDS is it mar moai dat leider Willem Overal sa soepel is. Sa hie Tsjipke hielendal gjin skuon mei en hie Harm twa linkerskuon by him. Harm moast op in draf nei hûs om in rjochter op te heljen want hy hie tsjin Ineke sein dat sy de âlden wol fuort goaie koe……..

De Gebroeders Jumbo
Tiisdei wol trainer Lyckle Bleekveld graach oefenje mei SDS 1 tsjin Harkema-Opeinde 1. Hy hat derby al in probleemke, want der moatte wat jonges wurkje. Sa kinne Hendrik Jumbo, Mark Jumbo en Henk Jumbo net ûnder hun wurk út by de Jumbo. Ek Gerrit Jumbo en Sjoerd Jumbo binne dus gjin opsjes.

Workum 3 – SDS 3
Ek de spilers fan SDS 3 sitte op freedtejûn op ynternet te surfen om te sjen as sy noch wat oer de wedstriid fan de folgende deis lêze kinne. Sa stiet der op de webside fan Workum 3 in hiele foarbeskouwing. Klik
hjir en sjoch by “nieuws”.

VI-special
Ek de VI hat SDS ûndutsen. Sy komme mei in spesjale hjerstedysje.

Mei tank oan Dirk-Yde Sjaarda